Frederick Law Olmsted: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 3:
 
== Wurkpaad ==
Hy wie in soan fan de begoedige keapman ''John Olmsted'', gie nei de ''Phillips Academy'' yn [[Massachusetts]] oant 1838, mar moast syn stúdzje oan de [[Yale University]] opjaan fanwege in fergiftiging troch ''poison-sumac'' derdêr't syn sûnens swier ûnder te lijen hie. Hy wie seeman, sjoernalist en keapman ear't er him yn 1848 deljoech oan de súdkust fan [[Staten Island]], op de grutte pleats ''Akerly Homestead''.
 
Yn 1850 reizge er nei [[Ingelân]] en sjocht dêr it wurk fan lânskipsarsjitekt [[Joseph Paxton]]s, dy't er yn ''Walks and Talks of an American Farmer in England'' beskreaun hat. Dat smiet nije opdrachten op. Sa gie er yn 1852–57 fanwege de doe krekt oprjochte krante [[The New York Times|New York Daily Times]] nei it suden fan de Feriene Steaten en beskreau de [[slavernij]] dêre. Werom yn New York ûntwerpt er yn de mande mei [[Calvert Vaux]] it plan út foar it Central Park, dat syn namme klank joech en it begjin betsjutte fan syn karriêre as lânskipsarsjitekt.