Stefan Banach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 5:
Banach wie fral [[autodidakt]]; syn betúftens waard ûntdutsen troch [[Hugo Steinhaus]]. Doe de Twadde Wrâldoarloch útbruts wie Banach presidint fan de 'Poalske wiskunde mienskip' en professor oan de [[Universiteit fan Lviv]]. Hy wie teffens lid fan de Akedemy fan Wittenskippen fan de [[Oekraynske SSR]]. Omdat hy it goed fine koe mei [[Ruslân|Russyske]] wiskundigen, koe er syn heechlearaarskip behâlde ûnder de Russyske besetting fan Lviv. De [[Dútslân|Dutske]] besetting fan de stad yn [[1941]] resultearre yn in massamoard ûnder de Poalske akademisy. Banach oerlibbe, mar koe him alline yn libben hâlde troch it fieden fan [[lús|luzen]] mei syn bloed yn it prof. Rudolf Weigl-ynstitút, dêr't ûndersyk dien waard oan [[tyfus]]eftige koarts. Yn de besetting rûn syn sûnens tebek ([[longkanker]]). Banach ferstoar noch foardat et út Lviv wei, dat nei de oarloch ynliifd waard troch de [[Sovjet-Uny]], nei [[Poalen]] emigrearje koe.
 
''Théorie des opérations linéaires'' (''Teoria operacji liniowych'', 1932) wurdt beskôge as syn wittenskiplike bydrage mei de grutste ynfloed. Hy begûn ek mei de ''Studia Mathematica''- rige, derdêr't hy de redaksje oer hie.
 
[[Stanislaw Marcin Ulam]], in oare wiskundige út Lviv, sei yn syn [[autobiografy]] oer Banach: "Goede wiskundigen sjogge analogyen. Grutte wiskundigen sjogge analogyen tusken de analogyen".