James A. Michener: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L st
Rigel 73:
Yn [[1962]] stelde Michener himsels yn [[Pennsylvania]] kandidaat foar de [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]] foar in sit yn it [[Amerikaansk Hûs fan Offurdigen]]. Hy ferlear lykwols en besocht it dêrnei nea wer. Letter beskôge er dy episoade yn syn libben as in misse set. Wol bleau er belutsen by de Demokratyske Partij en tsjinne er û.m. as [[sekretaris]] fan 'e Grûnwetlike Konvinsje fan Pennsylvania yn [[1967]]-[[1968]]. Yn [[1968]] tsjinne er foar syn [[partij (polityk)|partij]] as [[kiesman]] en lid fan it [[Electoral College]], in ynstitút dêr't er letter tsjin agearje soe yn syn [[non-fiksje]]boek ''Presidential Lottery: The Reckless Gamble in Our Electoral System''. Michener wie in grut foarstanner fan it ôfskaffen fan it [[kiesdistriktestelsel]] by de Amerikaanske presidintsferkiezings, sadat de presidint direkt troch it [[elektoraat]] keazen wurde koe.
 
Yn syn lettere libben ûntjoech Michener him ta in [[filantroop]], dy't mear as [[$]]100 miljoen weijoech oan [[ûnderwiis]]ynstellings en [[kulturele]] [[organisaasje]]s, wêrûnder it [[Swarthmore Kolleezje]], de [[Iowa Writers Workshop]] en it nei him ferneamde [[James A. Michener Art Museum]] yn syn berteplak Doylestown. Ek skonk er mear as $37 miljoen oan 'e [[Universiteit fan Teksas te Austin]], derdêr't û.m. it [[Michener Center for Writers]] mei [[finansiering|finansierd]] waard, dat [[stúdzjebeurs|stúdzjebeurzen]] foar skriuwers, [[dichter]]s, [[toanielskriuwer]]s en [[senarioskriuwer]]s útjout.
 
===Ferstjerren===