Ferskil tusken ferzjes fan "Wesel (stêd)"

L
alliearde
L (alliearde)
Under karfoarst Freark Willem waard Wesel lang om let útboud ta in fêsting en om de stêd waarden grêften en bastions oanlein. De stêd bestie doe út de histoaryske binnenstêd en de Mathena-foarstêd en hie trettjin poarten, wêrfan't der noch fjouwer bewarre binne. Ut de 16e oant 19e iuw datearret in rige fan fêstingwurken, dy't benammen troch [[Prusen]] en Frankryk oanlein binne. Oant yn de 20 iuw soe de militêre oanwêzigens yn Wesel in stimpel op de stêd sette. De [[sitadel]] is tsjintwurdich in kultureel sintrum, dêr't ferskate ynstellings ûnderdak fine.
 
Yn de [[Earste Wrâldkriich]] waarden fanút Wesel troepen nei it [[Westfront (Earste Wrâldkriich)|westlike front]] stjoerd. Mei de demilitarisearingdemilitarisearring fan it [[Rynlân]] yn it ramt fan it [[Ferdrach fan Versailles]] rekke Wesel syn militêre status kwyt, wylst der foar de strategyske stedsdielen oant oktober 1924 in alliearrealliearde besetting folge. Mei it begjin fan it werbewapenjen fan de [[Wehrmacht]] yn de tiid fan it [[nasjonaalsosjalisme]] waarden der op 'e nij troepen yn Wesel stasjonearre.
 
== Twadde Wrâldkriich ==
[[File:Wesel 1945.jpg|thumb|left|250px|<center>''Wesel yn 1945''</center>]]
[[File:Mathenakirche (Wesel).jpg|thumb|250px|<center>''De net wer opboude letgoatyske Mathenakirche''</center>]]
Fanwegen de strategyske lokaasje kaam de stêd yn 1945 slim ûnder fjoer te lizzen. Nei fûleinich ferset fan de Dútsers slaggen alliearrealliearde troepen by Wesel in brêge oer de Ryn oan te lizzen om dêrnei it [[Ruhrgebiet]] te oermasterjen. Om de opmars mooglik te meitsjen moast Wesel earst troch alliearrealliearde bombardeminten en besjittings op 16, 17 en 19 febrewaris hast folslein ferneatige wurde. De Wehrmacht liet alle brêgen oer de Ryn en de Lippe opblaze, lykas ek de lêste brêge oer de Ryn dy't noch yn Dútske hannen wie: de op 10 maart opblaasde en 1950 meter lange spoarbrêge. Fan dy spoarbrêge is noch in lang stik yn it lânskip werom te finen. Op 23 maart waard de stêd nochris bombardearre en doe't de alliearde troepen de stêd lang om let ynteagen wie 97% fan it stedsgebiet folslein ferneatige.
 
== Weropbou ==
82.456

bewurkings