Fisfliet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Oar: red.
red. nei oerlis
Rigel 4:
[[File:Hilmahuistermolen 2.jpg|thumb|Hilmahústermole]]
[[Ofbyld:Station Visvliet.jpg|thumb|left|It eardere stasjon Fisfliet]]
'''Fisfliet'''<ref>''Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân'', 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven.</ref>, somtiids ûnder oare ek wol stavere as '''Fiskflyt'''<ref>Oare âlde staveringen binne Vis(ch)fleeth, Fliethuzum, Ffishfliedt, Visvlet, Vissvlete, Visvlait, Vijffleyt, Vijsfleyt, Vijsvliet, Vijsvlyt, Vifsflit, Vifuliet, Vifvliet, Vievvleit, Fischvlet, Fisvliet, Fyvlieth, Vischvleth, Wysfleet en Wysfleyt.</ref> ([[Nederlânsk]] en offisjeel: ''Visvliet'') is in doarp yn de gemeente [[Súdhorn]], provinsje [[Grinslân]] ([[Nederlân]]). It doarp hat 367 ynwenners (1 jannewaris 2008).
 
== Skiednis ==
Fisfliet leit oan de Grinslanner kant fan it rivierke de [[Lauwers]]. Oan de eastkant fan it doarp rint it [[Fiskfliterdjip]], ek wol Besheersdjip neamd. De Lauwers is sûnt de [[Slach oan de Boarn]] yn 734 (doe't [[Karel Martel]] de Fryske hartoch [[Poppo]] fersloech) bekend as in grinsrivier; earst tusken de Frankyske en Fryske gebieten en letter tusken Grinslân en Fryslân.
 
It doarp Fisfliet waard earne yn de [[13e iuw]] stifte fan de muontsen fan it kleaster yn it hjoeddeiske [[Gerkeskleaster]]; hja foltôgen yn 1249 in dyk fan [[Scharnehuizen]] nei FyskflytFiskfliet, dy't in tûke fan de [[Lauwerssee]] ôfsleat. De Lauwerssee hie him yn de foarlizzende twa iuwen sterk útwreide. Der waard by Fisfliet in ûntwetteringsslûs boud.<ref>[http://home.scarlet.be/~ijpelaan/Kennemerland/Lex-Laubach.html]; De geografie van de ‘Lex Frisionum’: 2. Laubach;Archief IJpelaan; 9 maaie 2004; sjoen 22 juny 2007</ref>
 
Yn 1370 stiften de muontsen dêr in tsjerke ta eare fan de hillige [[Gangulfus]]. Yn [[1387]] moast dizzedy tsjerke ûntromme wurde nei in oerstreaming. Yn [[1427]] waard in nije Sint-Gangulfustsjerke boud op itselde plak. De tsjerke is yn 1973 folslein restaurearre.
 
Fisfliet hat lang in seehaven en drok hannelsplak west, mar ferlear dy posysje troch tichtslykjen fan de slinke dêr't it oan lei. De kleastergrûn fan Fisfliet kaaam nei de [[byldestoarm]] en it ferjeien fan de Spanjerts yn [[1581]] yn de [[Slach by Fisfliet]] (yn de [[Tachtichjierrige Kriich]]) oan de provinsje Fryslân om't it grinsgebiet wie. Lykwols wurdt it karspel Fisfliet al yn [[1637]] oan Grins ferkocht út reden fan jildkrapte fan it provinsjebestjoer. Oant [[1795]] wie der in dûanepost, anneks tolhûs, by it doarp, dêr't guod foar Fryslân op fergunnings kontrolearre waard en dêr't tol bard waard.<ref>[http://www.bdk.rug.nl/medewerkers/j.riezebos/grijpskerkeo/Default.asp?page=5x0x1, De hervormde kerk van Visvliet; sjoen 22 juny 2007, J. Riezebos]</ref>
Rigel 18:
 
== Gebouwen ==
Krekt besuden it doarp stiet de Hilmahústermole, in [[poldermole]] út 1868.<br>
It hege wite N.S.-stasjonsgebou (út 1891) is yn 1983 sloopt en waard ferfongen troch in ienfâldich wachthûske. It stasjon Fisfliet - oan it spoar Grins-Ljouwert - waard yn 1991 opheft.<ref>[http://www.zuidhorn.nl/visvliet.asp Webstee gemeente Zuidhorn]</ref>
 
== Oar ==
In bekende ynwenner fan FiskflietFisfliet wie [[Eise Eisinga]], dy't út Fryslân flechte nei in rebûlje yn Frjentsjer dêr't er by belutsen wie. Nei in jier waard er lykwols útlevere en nei in jier feroardiele ta ferbanning út Fryslân, wêrnei't er nei Fisfliet werom kearde. Dêr moete hy syn twadde frou, foardat er yn [[1795]] tebekgie nei Frjentsjer. Yn it doarp is in strjitte nei him ferneamd.
 
==Keppelings om utens==