Ferskil tusken ferzjes fan "Zandberg (Grinslân-Drinte)"

L
 
== Skiednis ==
It gebiet lei op de grins fan de [[Marke (organisaasje)|marken]] [[Onstwedde]] en [[Valthe]] en waard troch beide bestriden. De [[Semsliny]] besliste yn it foardiel fan Valthe. It doarp ûntstie yn de iere [[njoggentjinde iuw]] as in [[feankoloanje]]. De earste bewenners wiene katolike [[boekweet]]boeren dy't justjes oer de grins by it Dútske [[Rütenbrock]] weikamen en it doarp waard in [[katolyk]] eilân yn it foar it measte part [[protestantsk]]e gebiet. Yn [[1843]] krige it doarp in eigen tsjerke en dy waard oan de Drintske kant boud. De hjoeddeistige [[Sint-Joazeftsjerke (Zandberg)|Sint-Joazeftsjerke]] waard yn [[1931]] boud.
 
It plak wie fan [[1924]] oant [[1935]] it stopplak oan de [[spoarline]] STAR (Stedskanaal, Ter Apel, Ryksgrins). It [[stasjonsgebou]] fan [[1924]] bestiet noch hieltyd.
2.597

bewurkings