Ferskil tusken ferzjes fan "Veele"

1 byte grutter ,  1 moanne lyn
L
''''
(Side makke mei "{{Universele ynfoboks stêd | namme = Veele | ôfbylding = Map_NL_-_Vlagtwedde_-_Veele.png | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingst...")
 
L ('''')
'''Veele''' is in [[útbuorren]] yn de gemeente [[Westerwâlde (gemeente)|Westerwâlde]] yn de [[Provinsjes fan Nederlân|provinsje]] [[Grinslân]]. It plak hat sa'n 80 huzen mei 200 ynwenners. It plak falt ûnder Vlagtwedde, dochs hat it wol in [[beboude kom]] en hat it dus blauwe [[Plaknammeboerd|plaknammebuorden]]. It leit op it plak dêr't de [[Provinsjale wei 976|N976]] fan [[Wynskoat]] nei [[Ter Apel]] it [[Mussel-Aa-kanaal]] krúst. Justjes bewesten it plak rint de [[beek]] de [[Ruiten Aa]]. Justjes boppe Veele rint dy gear mei it ''Veelerdiep'' en rint dan fierder as de [[Westerwâldske Aa]].
 
De namme Veele soe komme kinne fan ''vaal'' (bleek) of ''felewa'' (wylch). By it doarp stie earder de ''Lugtenborg'', dat yn de [[achttjinde iuw]] gauris ''Klein Picardië'' neamd waard. De pleats ''Luchtenborch'' justjes besuden dêrfan waard ferwoaste by de befrijing yn [[1945]].
 
De âlde brêge oer it kanaal waard nei de [[Belgje|Belgyske]] parasjutist Philippe Rolin neamd, dy't dêr mei twa oare Belgyske parasjutisten omkamen by de befrijing fan it doarp yn april 1945. By de brêge stiet in kriichsmonumint.
2.603

bewurkings