Ear (lichemsdiel): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 17:
 
==Middenear==
It [[middenear]] bestiet út 'e [[trommeholte]] dy't normaalwei fol sit mei lucht, en dy't fia de [[buis fan Eustachius]] yn ferbining stiet mei de [[kielholte]]. Dy ferbining soarget derfoar dat de [[luchtdruk]] yn it middenear gelyk bliuwt mei dy fan 'e bûtenlucht. (As de druk fan 'e bûtenlucht op 'e iene of oare manear ynienen dochs folle grutter wurdt, bgl. as men de mûle tichthâldt by it ôfsjitten fan in [[kanon (wapen)|kanon]], dan kin it trommeflues knappe.)
 
Yn 'e trommeholte befynt him de keatling fan trije [[gehoarbonkje]]s: de [[hammer (gehoarbonkje)|hammer]], it [[ambyld (gehoarbonkje)|ambyld]] en de [[stiichbûgel (gehoarbonkje)|stiichbûgel]]. De wichtichste funksje fan it middenear is de fuortsterking fan lûden, sadat dy better waarnommen wurde kinne troch de yn it binnenear leine [[hiersel]]len. Sa'n fuortsterking wurdt op ferskate manearen bewurkmastere. Yn it foarste plak wurde alle lûdstrillings fergrutte trochdat it trommeflues in folle grutter oerflak hat as de iepening fan it [[slakkehûs (ear)|slakkehûs]] (it [[ovaal finster]]). En fierders spilet by dit proses de hefboomwurking fan 'e trije gehoarbonkjes in wichtige rol. Yn it middenear befine har twa [[spier]]kes, de ''[[musculus tympanicus]]'' en de ''[[musculus stapedius]]'', dy't de gehoarbonkjes yn ferhâlding ta-inoar justjes ferskowe kinne, sadat hurde lûden ôfswakke en swakke lûden krekt fuortsterke trochjûn wurde kinne.