Wales: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L fl: '-elks-' -> '-elsk-'
Rigel 35:
== Skiednis ==
De [[Romeinen]] joegen oan it hjoeddeistige Wales de namme Cambria en boude in grut oantal forten yn it suden fan it lân oant [[Carmarthen]] yn it westen.
Der is bewiis dat de Romeinen fierder nei it westen west hawwe en op dy wize nei Ierlan gienen. Sy bouden ek it [[amfiteater]] yn [[Caerleon]], it best bewarre Romeinske teater yn Grut-Britanje. De Romeinen wienen ek drok yn it noarden fan it lân en neffens de [[Mabinogion]] soe [[Magnus Maksimus]], in keizer út de [[4e iuw]], troud wêze mei in Elen, de dochter fan in WelkskeWelske haadling.
 
Troch it berchterrein mei in soad rein is Wales nea troch de [[Angelsaksen]] ynnaam. Ien fan de [[Saksen (folk)|Saksyske]] keningen, [[Offa fan Mercia]] wurdt beskôge as de man dy’t opdracht joech om in grutte ierden wâl of dyk te bouwen by de grins fan syn ryk om de Welske minsken bûten te hâlden. Parten fan dizze [[Dyk fan Offa|Offa’s Dyke]] kinne hjoeddeis noch altyd besjoen wurde.