Nei it ferstjerren fan Karel de Keale syn pakesizzer, [[Karloman II fan Frankryk|Karloman II]], op [[12 desimber]] [[884]], keazen de Westfrankyske eallju syn efterneef [[Karel de Grouwe]], dy't doe al kening fan [[East-Frânsje]] en it [[Keninkryk Itaalje (Hillige Roomske Ryk)|Keninkryk Itaalje]] wie, as harren kening. Hy waard nei alle gedachten kroand ta "Kening yn Galje" (''rex in Gallia'') op [[20 maaie]] [[885]] yn [[Grand (Fogezen)|Grand]]. Hy wie de iennnige hearsker, dy't nei it ferstjerren fan [[Loadewyk de Fromme]], oer it gânse [[Frankyske Ryk]] hearske. Nei alle gedachten joech er, as kening fan de Westfranken, [[Alan I fan Brittanje]] de keninklike titel oer it heal ûnôfhinklike [[Brittanje]]. Troch syn swakke optreden tsjin de oanfallen troch de [[Wytsingen]] by it [[Belis fan Parys (885-886)|Belis fan Parys]], rûn syn populariteit tebek. Yn novimber [[887]] kaam syn omkesizzer [[Arnulf fan Karintje]] yn opstân en dy neamde himsels kening fan de Eastfranken. Karel stapte op en ferstoar al rillegau op [[13 jannewaris]] [[888]].
Hartoch [[Ranulf II fan Akwitaanje]] ropte himsels út as kening dêre, mar ferstoar lykwols twa jier letter. Akwitaanje waard lykwols net in eigen keninkryk, mar it lei almeast bûten de macht fan de Westfrankyske keningen.