Slach by Altenesch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 15:
 
== Nazistysk kultusplak ==
It feit, dat de slach 700 jier lyn barde, waard troch de [[nasjonaal-sosjalisme|nazy's]] yn [[1934]] brûkt om yn it 10 km fan Altenesch lizzende Bookholzberg, gemeente [[Ganderkesee]], ten suden fan [[Bremen (stêd)|Bremen]], in "nazy-kultusplak" mei de namme Stedingsehre yn te rjochtsjen. Dat bestie út in iepenloftteäter, troch de nazy's ''Thingstätte'' neamd, dêr’t ûnder oare yn 1935 en 1937 foar it each fan tsientûzenen taskôgers saneamde ''Thingspiele'' holden waarden. Dat wiene toanielstikken, wêryn’t de deugden fan de Germaanske foarâlden, en yn it bysûnder de noarmen en wearden fan de [[Blut und Boden]]-ideology ferhearlike waarden. Yn [[1939]] wier der noch in nazistysk simmer-[[ sinnewende]]feest. Om it plak fan dit theater waard ek in doarp yn Ald-Dútske styl neiboud. Dêrfan gie de doarpstjerke yn de Twadde Wrâldoarloch troch in alliëard bombardemint ferlern. Nei 1945 bleau in diel fan it kompleks bewarre. It hiele terrein is, ta foarkomming fan ûnwinsklike besite troch benammen [[neo-nazy]]'s, strang ferbean foar ûnbefoegden. Yn de gebouwen sit no ien fan de mear as 20 Dútske ''Berufsförderungswerk''e. In ''Berufsförderungswerk'' is in ynstelling, dêr’t lichaamlik en/of ferstanlik beheinden neffens in oanpast opliedings- en treningsprogramma oplieding krije foar in folweardich berop.
 
<gallery>