1934: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 32:
*[[5 oktober]] - Yn [[Spanje]] wurde [[faksist]]en beneamd op [[minister]]sposten yn it nije rjochtse [[regear]]. Dêrop brekt yn 'e regio [[Astuerje]] in [[Astueryske Arbeidersopstân (1934)|wapene arbeidersopstân]] út.
*[[6 oktober]] - De [[Kataloanje|Katalaanske]] foaroanman [[Lluís Companys]] ropt de ûnôfhinklikheid fan 'e [[Republyk Kataloanje (1934)|Republyk Kataloanje]] út.
*[[7 oktober]] - It [[Spanje|Spaanske]] [[leger (lânmacht)|leger]] ûnderdrukt it ûnôfhinklikheidsstribjen yn [[Kataloanje]]. [[Presidint]] [[Lluís Companys]] en oare leden fan it Katalaanske [[regear]] wurde oppakt.
*[[9 oktober]] - [[Moard op Aleksander I fan Joegoslaavje|Moard op kening Aleksander I fan Joegoslaavje]] yn [[Marseille]], by in [[steatsbesyk]] oan [[Frankryk]]. De [[moardner]] is [[Vlado Černozemski]], in lid fan 'e [[Ynterne Masedoanyske Revolúsjonêre Organisaasje]] (IMRO), dy't stribbet nei de ûnôfhinklikheid fan [[Masedoanje]].
*[[18 oktober]] - It [[Spanje|Spaanske]] [[leger (lânmacht)|leger]] drukt de [[Astueryske Arbeidersopstân (1934)|arbeidersopstân]] yn [[Astuerje]] op tige bloedige wize de kop yn. Der komme teminsten 1.300 [[arbeider]]s om.
*[[18 oktober]] - Yn [[Sina]] begjint de [[kommunistysk]]e foaroanman [[Mao Zedong]] mei 80.000 [[soldaten]] oan in massale útbraak út 'e besingeling troch regearingstroepen. Dit is it begjin fan 'e saneamd [[Lange Mars]].
*[[1 desimber]] - Yn 'e [[Sovjet-Uny]] wurdt de foaroansteande [[kommunistysk]]e partijsiktaris fan [[Leningrad]], [[Sergej Kirov]], by in [[moardoanslach]] [[fermoarde]].