Duncan MacDowall: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L klan --> clan
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 23:
Oer MacDowall is net sa'n protte bekend. Hy moat yn 'e twadde helte fan 'e [[trettjinde iuw]] yn [[Skotlân]] berne wêze, wierskynlik yn [[Galloway]], yn it súdwesten fan it lân. Hy wie in fjurrich oanhinger fan it [[Hûs Comyn]], dat al fan âlds in skeel hie mei it [[Hûs Bruce]] oer de wjerssidige oanspraken op 'e Skotske troan. Nei't [[Robert fan Bruce, greve fan Carrick]] yn [[febrewaris]] [[1306]] syn foarnaamste binnenlânske rivaal foar de Skotske troan, [[Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch]], yn 'e [[Greyfriars Kirk (Dumfries)|Greyfriars Kirk]] te [[Dumfries]] [[moard|deamakke]] hie, boaze it skeel oan ta in iepen oarloch tusken de beide partijen. Dêrby sleaten de Comyns har oan by de [[Ingelsen|Ingelske]] besetters fan Skotlân, wylst de greve fan Carrick himsels ein [[maart]] [[1306]] te [[Scone (Skotlân)|Scone]] ta kening [[Robert I fan Skotlân]] [[kroaning|kroane]] liet, wêrmei't er it iepentlik yn 'e kant sette tsjin kening [[Edwert I fan Ingelân]], dy't himsels as [[lânhear]] fan Skotlân beskôge.
 
Duncan MacDowall wurdt foar it earst neamd yn [[skiednis|histoaryske]] boarnen dy't datearje út begjin [[1307]]. Yn 'e [[Slach by Loch Ryan]] kaam er doe yn 'e neite fan [[Stranraer]] in [[leger (lânmacht)|leger]]ke Skotske [[opstanneling]]en oer it mad dat oanfierd waard troch [[Aleksander fan Bruce (broer fan Robert I)|Aleksander]] en [[Tomas fan Bruce]] (twa jongere [[broer|bruorren]] fan kening Robert), de [[ridder]] [[Reginald fan Crawford]] en de [[ealman]] [[Malcolm MacQuillan, hear fan Kintyre]]. Doe't er dyselden nei in koarte mar fûleindige striid ta oerjefte twongen hie, liet MacDowall MacQuillan en twa [[Ierlân|Ierske]] haadlju, dy't ek ta de partij fan 'e Bruces hearden, daliks [[deastraf|eksekutearje]]. Harren ôfsleine [[holle]]n stjoerde er Edwert I ta. Aleksander en Tomas fan Bruce en Reginald fan Crawford levere er oan 'e Ingelsen út, wêrnei't se oerbrocht waarden nei [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]], yn [[Kumbria]], dêr't se in pear dagen letter, mids [[febrewaris]] [[1307]], [[ophinging (libbensbeëiniging)|ophongen]] waarden.
 
Yn [[1308]] waard in legermacht ûnder it befel fan MacDowall, [[Ingram fan Umfraville]] en [[Aymer fan St. John]] yn 'e [[Slach oan de Rivier de Dee]], by [[Buittle]], ferslein troch [[Edwert fan Bruce]], in oare broer fan kening Robert I. Letter waard MacDowall oansteld as [[kastlein]] fan it [[Kastiel fan Dumfries]], dêr't er yn [[1313]] [[kriichsfinzen]] nommen waard troch kening Robert sels, doe't dy it [[garnizoen]] fan it [[kastiel]] nei in [[belegering|belis]] ta oerjefte twong. It is ûnbekend wannear't of hoe't MacDowall oan syn ein kommen is.