Súd-Georgje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st: '-t' -> '-d'
Rigel 6:
It eilân waard neffens sizzen foar it earst fan ôfstân sjoen yn [[1675]] troch [[Anthony de la Roché]], in [[Londen]]ske hannelsreizger, en waard dêrom op iere lânkaarten oantsjutten as ''Roche Eilân''. Om-ende-by 28 of 29 juny 1756 waard it eilân wer sjoen fan ôfstân troch it Spaanske hannelskip 'León', ôfkomstich út [[Sint-Malo]].
 
Yn [[1775]] fear kaptein [[James Cook]] om it eilân hinne, mearde as earste oan, en kleemde it eilân foar it de Britske Kroan. Hy neamde it eilân ''Eilân Georgja'' ("Isle of Georgia") ter eare fan [[George III fan it Feriene Keninkryk|kening George III]]. Yn [[1843]] waard it eilân formiel ûnder Britsk bestjoer steltsteld.
 
Yn de 18e iuw wie it eilân in basis foar seehûnnejagers en fan 19e iuw ôf foar walfiskjagers, oant yn [[1960]] mei de jacht stoppe waard. De earste walfiskjachtbasis en dêrmei de earste delsetting fan it eilân mei permaninte bewenning waard yn 1904 oprjochte troch de [[Noarwegen|Noar]] [[Carl Anton Larsen]] ûnder de namme [[Grytviken]]. De basis is net langer mear yn gebrûk en op it heden is der in wittenskiplik ûndersyksintrum festige. Der is in museum, dat troch de ienige twa fêste bewenners fan it eilân rune wurdt.