Marija Gimbutas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
L st
 
Rigel 12:
Yn de jierren '50 en it begjin fan de jierren '60 ferwurf Gimbutas har reputaasje as spesjalist op it mêd fan de Indo-Jeropeeske [[brûnstiid]], [[Litouwen|Litouwske]] folkskeunst en de prehistoarje fan de [[Baltyske folken|Baltyske]] en [[Slavyske folken]], dat foar in part gearfetsje is yn har definitive wurk ''Bronze Age Cultures of Central and Eastern Europe'' (1965).
 
Mei har trije lêste boeken waard sy ynienen ferneamd - yn de eagen fan guon kritisy raar ferneamd: ''The Goddesses and Gods of Old Europe'' (1974), ''The Language of the Goddess'' (1989), dy't in oersjocht jouwe fan har spekulaasjes oer neolityske kultueren yn Jeropa. Sy seach in tige skerpe tsjinstelling tusken it "Alde Jeropa" en de Indo-Jeropeeske hâlders fan de koergankultuer. It âlde Jeropa wie neffens har fredeleavjend, matriargaal ynsteltynsteld en hie in godstsjinst mei in [[Goadinne]] oan it haad. Ek stribbe dizze folken nei sosjale gelikens, stienen homoseksuelen heech yn oansjen. De nijkommers wienen androsintryskee, striidhaftige en hiërargyske Indo-Jeropeanen dy't Jeropa oermasterden en de ynheemske folken har systeem op twongen.
 
Neffens [[Bernard Wailes]], professor antropology oan de [[Universiteit fan Pennsylvania]], beskikte sy oer in enoarme kennis mar wie sy net tige kritysk ynsteltynsteld. Sy socht in bult gegevens byinoar en luts dêr fiergeande konklúzjes út dy't neffens him net goed troch arguminten skaard waarden, mar troch haar hiel grif brocht waarden. Neffens in oare professor antropology [[David Anthony]], oan de [[Hartwick College]], wiist neat op in matriargale kultuer foar de ynfaasje troch de Koerganen en hy wiist ek op de heuvelforten en wapens y Jeropa fan foar dy tiid<ref>[http://www.holysmoke.org/fem/fem0156.htm] Idyllic Theory of Goddess Creates Storm</ref>
 
== Wurken ==