Fidel Castro: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 7:
Yn 1953 organisearre Castro in wapene oerfal op in polysjekazerne dy't mislearre en dêr't Castro by finzen nomd waard. Foar syn oandiel krige er 15 jier finzenisstraf. In [[amnesty]]regeling besoarge him lykwols nei twa jier de frijheid. Under syn dêropfolgjende ballingskiptiid yn [[Meksiko]] en de Feriene Steaten wurke hy mei oan de foarming fan in revolúsjonêre beweging (Revolúsjonêre Beweging fan de 26ste july) dy't de striid mei Batista oan gean moast. Op 2 desimber 1956 lanne Fidel Castro en 81 oaren, wêrûnder syn broer [[Raúl Castro]] en [[Che Guevara]] op de súdkust fan [[Kuba (eilân)|Kuba]]. Nei in twa jier duorjende striid waard Batista úteinlik ferdreaun op 1 jannewaris 1959.
 
Op [[16 febrewaris]] [[1959]] waard Castro premier fan Kuba. Syn ferhâlding mei de Feriene Steaten soe troch de prosessen dy't oanhingers fan Batista en alderhanne ûnteigeningen swier op de proef steltsteld wurde. In besiik fan Castro oan Washington smiet allinnich fan beide kanten animositeit op. Hjirtroch kearde hy him ta de [[Sowjet-Uny]] foar help en sleat in ferdrach û.o. oer de ymport fan [[Ierdoalje|oalje]]. Foar de Feriene Steaten is dat oanlieding om alle diplomatike bannen mei Kuba te ferbrekken. De help dy't Kuba fan Moskou kriget bliuwt net ta oalje beheind, mar omfiemet ek ekonomyske en militêre stipe. Kastro sels wurdt in oanhinger fan it marksistysk-leninistyske gedachteguod.
 
=== It Bargebaai-ynsidint ===