Sassanidyske Ryk: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Sjoch ek: kt |
L st |
||
Rigel 7:
Om [[241]] hinne, wie it Romeinske Ryk de dominante macht yn it [[Heine Easten]] en wienen de [[Perzen]] skatplichtich oan de Romeinen. Under Sjapoer kamen de Perzen yn opstân en foelen de Romeinske gebieten binnen. Sy oermasteren [[Syrje]], [[Armeenje]], en de stêden yn [[Mesopotaamje]]. De Romeinen koenen hjir mar in bytsje tsjinoer stelle. Allinnich keizer [[Falerianus I]] hie yn [[260]] sukses doe't er de Perzen út Syrje ferdriuwe koe. Syn sukses wie mar fan koarte doer, want troch in list foel er Sjapûr yn hannen.
De 65-jierrige keizer waard tige min behannele en lang om let [[terjochtsteld]] en as opsette trofee oeral tentoansteld. Hjirnei foelen hja Syrje opnij yn, mar waarden lykwols ferslein troch Kallistus Ballista, de prefekt dy't troch [[Gallienus]], de soan en opfolger fan Falerianus
De opfolgers fan Sjapoer hawwe noch faak, mei wikseljend sukses, oarloch fierd tsjin de Romeinen en harren opfolgers it [[Byzantynske Ryk]]. Dizze oarloggen soenen beide riken sadanich útputte, dat mei de opkomst fan de [[Arabieren]] de Sassaniden relatyf besjoen maklik ferslein wurden koene yn [[637]] yn de [[Slach by Kadisija]].
|