Haadling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L red
 
Rigel 10:
 
== Fryslân ==
De [[15e iuw]] lit yn Westerlauwersk Fryslân in grutte ekspânsje sjen fan de macht fan de haadlingen. De boarnen út dy tiid jouwe net altyd in helder byld, mar konstatearre wurde kin is dat it meastepart fan de stêden, doarpen en kleasters har ûnder beskerming fan haadlingen steltsteld hawwenhawwe. Yn de twadde helte fan dizze iuw wienen suver alle plakken behearske troch haadlingen of ûndersaten fan haadlingen.
 
De tanimmende macht fan de haadlingen late lykwols net ta in fersterking fan rjocht en oarde yn Westerlauwersk Fryslân, mar wol ta in skaalfergrutting fan de ûnderlinge konflikten tusken haadlingen. Trochdat guons fan har grutte talen ûndersaten mobilisearre koenen om mei te dwaan oan kriichstochten, wylst sy fakentiden ek noch steande legerkes fan hierlingen op nei hâlden, waarden hieltyd gruttere parten fan de maatskippij by gefjochten belutsen. Dat alles kaam de geregelde foargong fan de rjochtspraak net ten goede hokke troch dizze ûntwikkeling fierder ûntregele en ferknûkelje waard.