Rasseskieding: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 17:
 
== Feriene Steaten fan Amerika==
Yn de [[Feriene Steaten]] bestie in lange tradysje fan '''rasseskieding'''; dy wiene regele yn de saneamde [[Jim Crow-wetten]]. Wetjouwing dy't it neiteam fan [[Afrika]]anske [[slavernij|slaven]] beheiningen oplei waard yn de desennia nei de [[Amerikaanske Boargerkriich]] ynfierd, benammen yn de súdlike sreaten. Dy wetjouwing waard yn [[1964]] mei de [[Civil Rights Act of 1964|Civil Rights Act]] ôfskaft. Oant dy tiid moasten swarten op in protte plaaken nei aparte restaurants, iepenbiere toiletten en skoallen. Guon steaten hienen sels wetten dy't it swarten ferbea om mei blanken te trouwen. Ek it [[leger (lânmacht)|leger]] hie aparte difyzjes foar swarten.
 
Nei de oanfal fan [[Japan]] op de Amerikaanske marinebasis [[Pearl Harbor (marinebasis)|Pearl Harbor]] op [[Hawaï]] waarden in protte Japanners of harren neiteam fêstset yn konsintraasjekampen. Nei de kapitulaasje fan Japan yn [[1945]] waard de rop fan Afro-Amerikanen om ôfskaffing fan de rasseskieding hieltyd lûder. President [[Harry Truman]] tekene yn [[1948]] in wet dy't segregaasje yn it leger einige. Boargerrjochte-aksjefierders sa as [[Rosa Parks]] en [[Martin Luther King jr.]] en organisaasjes sa as de [[NAACP]] besochten de wetlik fêstleine rasseskieding ôf te skaffen; dat slagge úteinlik yn [[1964]], doe't de ''Civil Rights Act'' alle segregaasje ferbea. Teoretysk hawwe alle Amerikaanske steatsboargers no rjocht op deselde foarsjennings, mar guonts sjogge de [[Patriot Act]] fan [[2002]] as in diskriminearjende wet.