Hierling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sj ek
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Rigel 1:
In '''hierling''' of '''hiersoldaat''' is immen dy't om it [[jild]] tsjinst nimt yn in [[leger (lânmacht)|leger]]. Dat ferskynsel is al tige âld. Sa die de [[Alde Testamint|Aldtestamintyske]] kening [[David fan Israel|David]] al in berop op hierlingen, en tsjinnen dy ek yn 'e legers fan bgl. [[Aleksander de Grutte]] en [[Hannibal]] fan [[Kartago]]. Nei't it [[feodale stelsel]], dat [[kriich]]stsjinst as fergoeding foar lân omfieme, oan 'e ein fan 'e [[Midsiuwen]] stadichoan yn it neigean rekke, waard troch [[monarch|foarsten]] weromgrepen op it alâlde prinsipe fan it oanlûken fan hierlingen.
 
Fan 'e [[trettjinde iuw|trettjinde]] oant de [[santjinde iuw]] spilen hierlingelegers in dominante rol yn 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] [[oarloch]]fiering. Ek dêrnei bleau it noch in wichtich ferskynsel oant yn 'e [[Napoleontyske Oarloggen]] de [[tsjinstplicht]] foar it earst ynfierd waard. It neidiel fan hierlingelegers wie dat se in pleach foar it lân foarmje koene as harren wurkjouwer yn jildneed kaam of ferslein waard. Dan teagen de hierlingen faak al [[dieverij|plonderjend]], [[ferkrêfting|ferkrêftsjend]] en [[moard]]zjend yn groepkes troch it lân, wêrby't nimmen ûntsjoen waard. Fral [[berch]]eftige kriten mei in lyts [[areaal]] fan grûn dat gaadlik wie foar it bedriuwen fan [[lânbou]], en dy't sadwaande gau oerbefolke rekken, leveren yn 'e heechtijdagen fan 'e hierlegers in protte hierlingen. Dêrby stiene benammen [[Switserlân]] en [[Skotlân]] dêrom bekend.