Ferskil tusken ferzjes fan "Kriichsfinzene"

18 bytes grutter ,  11 moannen lyn
(ts)
[[File:Codex_Magliabechiano_(141_cropped).jpg|right|thumb|220px|Kriichsfinzenen [[minske-offer|offere]] troch de [[Azteken]].]]
 
Foar gewoane soldaten wie kriichsfinzenskip yn 'e Midsiuwen lykwols in hiel oar ferhaal. Yn [[1415]], nei de [[Slach by Agincourt]], waarden in protte Frânske kriichsfinzenen troch de Ingelsen deade, út wraak foar in oanfal dy't de Frânsen ûnder de slach útfierd hiene op 'e [[bagaazjetrein]] fan it Ingelske [[leger (lânmacht)|leger]], wêrby't in soad jonges en oare non-kombattanten ombrocht wiene. Boppedat wie it sa dat de ûnskreaune regels foar it omgean mei kriichsfinzenen net allinnich net gouwen as de tsjinpartij in oare [[religy]] oanhong, mar likemin as de tsjinpartij gjin akseptearre maatskiplike struktuer hie, sa't by de [[Fryske Frijheid]] it gefal wie. Fryske kriichsfinzenen yn 'e [[Frysk-Hollânske oarloggen]] hoegden sadwaande oer it algemien gjin goede behanneling fan 'e [[Hollân|Hollanners]] te ferwachtsjen.
 
Yn oare parten fan 'e wrâld gie it der like rûch om en ta. Yn [[Japan]] bestie alhiel gjin tradysje fan it loskeapjen fan kriichsfinzenen. Dêr waard men achte en fjochtsje troch oant de dea; wa't him oerjoech waard ornaris stânrjochtlik eksekutearre. Under de [[Mongoalen]] wie it sa dat eltse stêd dy't him net daliks oerjoech, folslein útmoarde waard. En yn [[Midden-Amearika]] wiene de [[Azteken]] allegeduerigen yn oarloch mei harren buorfolken, mei as doel om oan libbene kriichsfinzenen te kommen, dy't se [[minske-offer|offerje]] koene oan 'e [[god|goaden]]. Foar de werynwijing fan 'e [[Grutte Piramide fan Tenochtitlan]] waarden neffens de Azteekske [[mûnlinge oerlevering|oerlevering]] yn [[1487]] yn fjouwer dagen tiid teminsten 80.400 minsken offere, wêrfan't fierwei it meastepart út kriichsfinzenen bestie.
14.188

bewurkings