Yndiaansk agint: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
De funksje fan Yndiaanske agint waard yn [[1793]] skepen ûnder de [[Twadde Wet op de Hannel en it Ferkear mei Yndianen]]. Neffens de tekst fan dy [[wet]] hie de [[presidint fan de Feriene Steaten]] it foech en beneam beskate persoanen as "tydlike aginten om mank de Yndianen te wenjen", mei as doel om 'e oangeande Yndianen te helpen by harren oanpassing oan en úteinlike [[assimilaasje]] yn 'e [[jeropide ras|blanke]] Amerikaanske [[kultuer]]. Nei ferrin fan tiid waard de oantsjutting 'tydlik' weilitten.
 
Yn 't earstoan foelen Yndiaanske aginten ûnder it [[Amerikaanske Ministearje fan Oarloch]], mei't it Amerikaanske regear ornearre dat it de ferantwurdlikheid fan it [[leger (lânmacht)|leger]] wie om 'e Yndianen te beskermjen tsjin 'e blanke befolking. Doe't yn [[1824]] it [[Buro fan Yndiaanske Saken]] (BIA) oprjochte waard, kamen hja dêrta te hearren. Dy ynstânsje waard yn [[1848]] oerhevele fan it Ministearje fan Oarloch nei it [[Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken]], en sadwaande kamen de Yndiaanske aginten yn [[1849]] ûnder boargerlik tafersjoch te stean.
 
Om't de Yndiaanske aginten diel útmakken fan deselde oerheid dy't de Yndianen harren lân ôfnimme en harrensels "beskave" woe, wiene se mar komselden de ûnpartijige funksjonarissen dy't se achte waarden te wêzen. Fral yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] wiene in protte fan harren [[korrupsje|korrupt]] en beneidielen se de Yndianen troch subsydzjes en jierjilden te fertsjusterjen dy't foar de Yndianen bedoeld wiene.