Batsjêba: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Libben: -+ afbeelding
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 21:
 
==Libben==
Batsjêba wie de dochter fan [[Eliam]], ien fan 'e tritich [[kriger]]s fan [[David fan Israel|David]], dy't neamd wurde yn ''[[2 Samuël]]'' 23:34 en ''[[1 Kroniken]]'' 3:5 (dêr't er foar Ammiël trochgiet). Eliam wie de soan fan [[Achitofel]], ien fan David syn meast foaroansteande riedslju, dy't út [[Gilo]] kaam, in [[stêd]] yn [[Stamme Juda|Juda]], en Batsjêba wie dêrmei dus in [[frou]] út David syn eigen [[Tolve stammen fan Israel|stamme]]. Hja wie [[houlik|troud]] mei [[Oería de Hetyt]], in oprjocht man dy't yn it Israelityske [[leger (lânmacht)|leger]] tsjinne.
 
Yn ''[[2 Samuël]]'' 11:2-5 wurdt ferteld hoe't kening David ris tsjin 'e jûntiid op it dak fan syn [[paleis]] yn [[Jeruzalim]] omkuiere, dêr't er wei útsjen koe oer de [[stêd]]. Dy jûns seach er Batsjêba, dy't op har eigen gerjochtichheid yn 'e bûtenloft oan it baaien wie. Hy begearde har daliks en stjoerde boaden út om har by him te bringen. Neffens it ferhaal hied er doe [[geslachtsferkear]] mei har wylst se noch yn 'e reinigingstsjinst wie nei't se [[menstruaasje|de regels]] hân hie. Neitiid die bliken dat Batsjêba [[swierwêzen|swier]] rekke wie en dat nijs liet se oan 'e kening oerbringe.