Ferskil tusken ferzjes fan "Rezjimint"

19 bytes grutter ,  10 moannen lyn
ts
(nije side)
 
(ts)
In '''regimint''', fan it [[Frânsk]]e ''régiment'', is in [[militêre ienheid]], wêrfan't de grutte en rol sterk útienrint yn ferskillende nasjonale [[kriichsmacht]]en. Yn 'e [[Midsiuwen]] ferwiisde de term 'regimint' nei in grutte kloft fronttroepen wêrfan't de leden út ien en itselde [[geografy]]ske gebiet ôfkomstich wiene, en ûnder lieding stiene fan in [[ofsier]] dy't teffens faak de [[lienhear]] fan 'e [[soldaat|soldaten]] wie. Tsjin 'e [[santjinde iuw]] bestie in regimint meastal út sa'n 1.000 beropssoldaten ûnder befel fan in [[kolonel]]. Om dyselde snuorje hinne waarden regiminten, dy't út inkeld [[ynfantery]], [[kavalery]] of [[artillery]] bestiene, yn guon legers ferfongen troch [[brigade]]s, wêryn't dy trije ûnderdielen kombinearre waarden.
 
Dêr't regiminten as militêre ienheden bestean bleaune, ûntjoegen se har yn 'e [[achttjinde iuw]] ta permaninte legerûnderdelen dy't har mei titels en [[militêr unifoarm|unifoarmen]] fan oare ienheden ûnderskaten. De befelfierend ofsier wie in kolonel en in ynfanteryregimint bestie yn 'e regel út twa [[bataljon]]s fan elk 800 man, ferdield oer 8 oant 10 [[kompanjy (militêre ienheid)|kompanjyen]]. Yn guon legers waard in selsstannich regimint mei minder kompanjyen in '''demy-regimint''' neamd. By de kavalery bestie in regimintrezjimint út 600 oant 900 man, wêrby't gjin bataljons foarkamen, en de 'kompanjyen' [[eskadron]]s neamd waarden.
 
Nei't rûnom de [[tsjinstplicht]] ynfierd wie, ûndergie it regimintssysteem yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] frijwol feroaring. Oan 'e [[Earste Wrâldoarloch]] ta bestiene ynfanteryregiminten op folle sterkte yn 'e [[leger (lânmacht)|leger]]s fan [[Frankryk]], [[Dútslân]] en [[Ruslân]] út fjouwer bataljons, mei 1.000 manskippen, wat it totaal op 4.000 man brocht. Kavaleryregiminten bestiene út 1.000 manskippen sûnder ferdieling yn bataljons. In opmerklike útsûndering wie de sitewaasje yn it [[Grut-Brittanje|Britske]] leger, dêr't in ynfanteryregimint út twa bataljons bestie dy't inoar ôfwikselen yn 'thústsjinst' en oerseeske tsjinst, wêrby't se mar komselden as in inkele ienheid gearkamen.
 
Tsjintwurdich wurdt yn in protte legers de taak fan fronttroepen ferfolle troch bataljons, brigades en oare militêre ienheden, en is de oantsjutting fan 'regimint' inkeld noch beholden foar seremoniële ienheden. Moderne regiminten ferskille sterk yn grutte:
14.125

bewurkings