Bataljon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Rigel 1:
[[File:Battalion Nato.png|right|thumb|200px| Standertsymboal brûkt troch de [[NATO]] om in bataljon oan te jaan.]]
In '''bataljon''' (fan it [[Italjaansk]]e ''battaglione'' fia it [[Frânsk]]e ''bataillon'') is in [[militêre ienheid]] of formaasje fan 'e [[lânmacht]] en it [[marinierskorps]], dy't bestiet út tusken de 300 en 800 [[manskip]]pen. Yn 'e measte [[leger (lânmacht)|leger]]s wurde bataljons opmakke út fjouwer [[kompanjy (militêre ienheid)|kompanjyen]] mei dêropta in stêfkompanjy. Trije oant seis bataljons foarmje in [[brigade]]. It befel oer in bataljon is yn 'e regel yn 'e hannen fan in [[luitenant-kolonel]]. De term 'bataljon' waard teminsten fan 'e [[sechstjinde iuw]] ôf yn it [[Italjaansk]] brûkt yn 'e foarm ''battaglione'', dat ôflaat wie fan it Italjaanske wurd foar [[fjildslach]], ''battaglia''.
 
In bataljon is ornaris de lytste militêre ienheid dy't noch it fermogen hat om selsstannich te operearjen, hoewol't it fan bûtenôf befoarrieden wurde moat om sokke 'selsstannige' operaasjes langer as likernôch tsien dagen fol te hâlden. Bataljons besteane teminsten út twa gefjochtskompanjyen en ien ûnderstypjende of stêfkompanjy, dy't oer genôch [[manskip]]pen en materieel beskikke om lytsskalige gefjochtsaksjes te ûndernimmen en teffens beheinde [[administraasje|administrative]] en [[logistyk|logistike]] fermogens hawwe. De ûnderhearrige militêre ienheden (kompanjyen en de [[peloton]]s dêr't dy kompanjyen út besteane) binne ôfhinklik fan it haadkertier fan it bataljon foar befel, kontrôle, [[kommunikaasje]], ynljochtings, befoarrieding en logistike stipe.