Difyzje (militêre ienheid): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Rigel 1:
[[File:Division Nato.svg|right|thumb|200px| Standertsymboal brûkt troch de [[NATO]] om in difyzje oan te jaan.]]
In '''difyzje''' (fan it [[Frânsk]]e ''division'') is in grutte [[militêre ienheid]] of formaasje fan 'e [[lânmacht]] en it [[marinierskorps]], dy't ornaris bestiet út tusken de 10.000 en 20.000 [[manskip]]pen. Yn 'e measte [[leger (lânmacht)|leger]]s wurde difyzjes opmakke út ferskate [[brigade]]s of [[regimint]]en. Sels foarmje ferskate difyzjes in [[legerkorps]]. Yn 'e moderne [[oarloch]]fiering is in difyzje yn 'e regel de lytste ienheid dy't troepen fan ferskillende [[lânmacht]]wapens omfiemet, lykas [[ynfantery]], [[kavalery]], [[artillery]] en [[sjeny (kriichsmacht)|sjeny]]. Dêrmei kin in difyzje beskôge wurde as in legerke op himsels. It befel oer in difyzje is ornaris yn 'e hannen fan in [[generaal-majoar]].
 
De betinker fan 'e opdieling fan in leger yn ferskate difyzjes (yn 'e sin fan in militêre ienheid besteande út troepen fan ferskillende lânmachtwapens) wie de [[maarskalk]] yn [[Frankryk|Frânske]] tsjinst [[Maurits fan Saksen (1696-1750)|Maurits fan Saksen]] ([[1696]]-[[1750]]), dy't it idee opskreau yn syn boek ''Mes Rêveries'', mar stoar ear't er it yn 'e praktyk bringe koe. Sadwaande waard it difyzjesysteem pas ûnder de [[Oarloggen fan de Frânske Revolúsje]] ([[1792]]-[[1802]]) foar it earst yn Frankryk yn gebrûk nommen. It bliek in grut súkses te wêzen, mei't it legers fleksibelder ynsetber en makliker om mei te maneuvrearjen makke. Under [[Napoleon]] waarden ferskate difyzjes foar it earst feriene yn in [[legerkorps]]. Troch de Frânske militêre súksessen yn 'e [[Napoleontyske Oarloggen]] ([[1803]]-[[1815]]) waard it difyzjesysteem al rillegau troch frijwol alle oare [[Jeropa|Jeropeeske]] legers oernommen.