Kompanjy (militêre ienheid): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
st
Rigel 1:
[[File:Company Nato.png|right|thumb|200px| Standertsymboal brûkt troch de [[NATO]] om in kompanjy oan te jaan.]]
In '''kompanjy''' (fan it [[Frânsk]]e ''compagnie'') is in [[militêre ienheid]] besteande út 80-250 (mar meastal út 100-150) [[manskip]]pen ûnder befel fan in [[majoar]] of in [[kaptein (rang)|kaptein]]. In âlde namme foar in militêre ienheid fan dizze grutte is in '''findel'''. Fjouwer of mear kompanjyen, yn 'e mande mei in [[stêfkompanjy]], foarmje in [[bataljon]]. Foarhinne wiene kompanjyen ek wol ûnderferdielings fan in [[regimintrezjimint]]. In kompanjy kin sels ornaris ûnderferdield wurde yn seis [[peloton]]s (hoewol't it presize oantal fan lân ta lân ferskilt). Kompanjyen komme benammen foar by de [[ynfantery]] en ferlykbere [[kriichsmacht]]ûnderdielen, lykas it [[marinierskorps]]. De [[kavalery]] brûkt de fierhinne ekwivalinte term [[eskadron]].
 
Sûnt de [[Aldheid]] hawwe de measte legers in ûnderferdieling yn ienheden fan likernôch hûndert man brûkt. It bekendste is op dat mêd sûnder mis de [[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[sintuerje]] (of 'hûndertman'), dy't oanfierd waard troch in [[ofsier]] dy't in [[sintuerion]] neamd waard. De kompanjy as sadanich ûntstie foar it earst ûnder de reorganisaasje fan it [[Sweden|Sweedske]] [[leger (lânmacht)|leger]] troch [[kening]] [[Gustaaf II Adolf fan Sweden|Gustaaf II Adolf]] yn [[1631]]. Dêrby waarden kompanjyen fan 150 man gearstald, dy't yn regimintenrezjiminten fan acht sokke ienheden ûnderbrocht waarden. Dat systeem waard neitiid oernommen troch de legers fan 'e measte oare Westerske [[lân|lannen]]. Letter waarden ynfanterykompanjyen gearbrocht yn [[bataljon]]s, dy't yn 'e mande mei [[kavalery]]- en [[artillery]]-ienheden in [[brigade]] foarmen.
 
Doe't der tsjin 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] [[repeteargewear]]en en letter [[mitrailleur]]s en [[hângranaat|hângranaten]] ynfierd waarden as wapens foar de ynfantery, moasten gefjochtsformaasjes fanneeds sterk ferspraat operearje, wat geandewei de [[tweintichste iuw]] makliker makke waard troch it gebrûk fan [[radio]]kommunikaasje. Dêrtroch koene relatyf lytse oantallen manskippen in folle gruttere fjoerkrêft en gefjochtseffisjinsje ûntwikkelje as dat earder mooglik wie. De omfang fan 'e kompanjy as militêre ienheid is lykwols itselde bleaun, mooglik om't oantoand is dat minsken it bêste fjochtsje (mar ek libje, wurkje, sosjalisearje, ensfh.) yn [[organisaasje]]s fan omtrint 150 leden. Wat der feroare is, is dat de pelotons dy't mei-inoar in kompanjy foarmje no folle selsstanniger operearje as foarhinne.