Kapitulaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
rezjimint
Rigel 6:
De term 'kapitulaasje' komt út it [[Latyn]], fan ''capitulum'', dat "kopke" of "ôfdieling" betsjut, of fan ''capitulare'', dat "in oerienkomst slute" bestjut. [[Histoarysk]] ferwiist it nei in regel dy't yn it [[Osmaanske Ryk]] hantearre waard, wêrby't de ûnderdienen fan in oerwûn [[kristlik]] gebiet neffens it [[islamitysk rjocht]] frijsteld waarden fan in stikmannich foar [[moslim]]s jildige [[wet]]ten. Ek mochten se skelen en [[misdriuw]]en wêrby't gjin moslims belutsen wiene nei harren eigen [[gewoanterjocht]] oplosse en [[straf|bestraffe]]. Oan 'e oare kant krigen se gjin [[boarger]]rjochten binnen it Osmaanske Ryk en moasten se in hegere [[belesting]] betelje, en boppedat stiene se bleat oan 'e [[devşirme]] dat in mingfoarm fan [[slavernij]] en [[tsjinstplicht]] wie foar in beskaat [[kwotum]] oan kristlike [[jonge]]s.
 
Der binne noch twa oare histoaryske betsjuttings fan it wurd 'kapitulaasje'. It koe nammentlik ek ferwize nei in [[kontrakt]] wêrby't in hiel [[regimintrezjimint]] [[soldaten]] troch de iene steat oan 'e oare [[hierling|ferhierd waard]]. Dat barde yn [[Nederlân]] foar it lêst yn [[1814]], doe't [[kening]] [[Willem I fan de Nederlannen|Willem I]] in pear [[Switserlân|Switserske]] regimintenrezjiminten yn 'e tsjinst naam, dy't pas yn [[1829]] wer ôftanke waarden. Fierders koe 'kapitulaasje' yn 'e [[Midsiuwen]] ek ferwize nei de ûnthjitten dy't fan in keazen [[bestjoer]]der, lykas in [[abt]], [[biskop]] of sels de [[paus]], ôftwongen waarden foar't er yn syn funksje beneamd waard. Nei [[Karel V]] waarden ek alle [[keizer]]s fan it [[Hillige Roomske Ryk]] oan dy praktyk bleatsteld, en yn it [[Poalsk-Litouske Mienebêst]] waard sa'n 'kapitulaasje' fan 'e [[sechstjinde iuw]] ôf troch de [[adel]] brûkt om 'e macht fan 'e (keazen) [[kenng]] te beheinen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=