Gerrit Zalm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Frysk
st
Rigel 52:
Zalm waard yn [[1952]] [[berne]] yn [[Inkhuzen]], as de [[soan]] fan branjeman Gerrit Zalm sr. ([[1923]]-[[1995]]) en dy syn [[Fryslân|Fryske]] [[oarehelte|frou]] Klaaske de Vries ([[1922]]-[[2007]]) út [[Koudum]]. Hy hie in âldere [[broer]], Sjirk ([[1947]]-[[2014]]). Zalm wurke mei oan in [[ôflevering]] fan it [[geneälogy]]ske [[tillefyzjeprogramma]] ''Verborgen Verleden'', dy't op [[tongersdei]] [[24 jannewaris]] [[2019]] op [[NPO 2]] útstjoerd waard troch de [[NTR]]. Dêryn die bliken dat de [[ôfstamming]] fan syn mem weromfolge wurde koe nei Thiedt Gerlofs Donia (b. ±[[1490]]), de [[suster]] fan 'e Fryske frijheidsstrider Grutte Pier. Dat is sa ticht as men yn ôfstamming mar by Grutte Pier yn 'e buert komme kin, mei't hy sels gjin oerlibjende [[bern (persoan)|bern]] hie.
 
Zalm syn [[oerpake]] Jacob Vijn ([[1869]]-[[1952]]) út Opperdoes wie troud mei in Geertje Visser ([[1872]]-[[1948]]) fan [[Starum]]. De line fan Geertje Visser gie werom op 4 [[generaasje]]s Fryske [[predikant]]en út it slachte Horreus, ûnder wa in Petrus Horreus ([[1695]]-[[1772]]), dy't troud wie mei in Berber Abels Siccama ([[1700]]-[[1725]]). Hja wie de dochter fan [[abbekaat]] Abel Douglas Willems Siccama ([[1674]]-[[1704]]), in soan fan Willem Abels Siccama ([[1644]]-[[1708]]), ek abbekaat, dy't troud wie mei Benjamina Douglas ([[1637]]-[[1675]]). Dy Benjamina Douglas wie wer de dochter fan in [[jhr.]] Archibald Douglas (±[[1600]]-[[1639]]), in [[kaptein (rang)|kaptein]] yn it [[Skotlân|Skotske]] [[regimintrezjimint]] dat tsjin 'e ein fan 'e [[Tachtichjierrige Oarloch]] legere wie yn [[De Bosk]].
 
Archibald Douglas wie de [[pakesizzer]] fan [[sir]] [[William Douglas, 6e greve fan Morton]] (±[[1540]]-[[1606]]), in ridlik ferneamd persoan yn 'e [[Skotske skiednis]]. Yn [[1567]] waard yn syn [[Kastiel fan Loch Leven]] [[keninginne]] [[Marije I fan Skotlân]] [[finzen]] set, mar yn [[1568]] wist se dêrwei te ûntsnappen. Morton wie troud mei [[Agnes Leslie, grevinne fan Morton|Agnes Leslie, grevinne fan Rothes]] ([[1541]]-[[1606]]). Agnes har âlden wiene [[George Leslie, 4e greve fan Rothes]] ([[1484]]-[[1558]]) en Margaret Crichton, en Margaret wie wer in dochter fan in [[William Crichton, 3e lord Crichton|William Crichton]] († [[1494]]) dy't troud wie mei [[Margareta Stuart (dochter fan Jakobus II)|Margareta Stuart]] (b. ±[[1455]]), de dochter fan [[kening]] [[Jakobus II fan Skotlân]] ([[1430]]-[[1460]]). Sa stammet Gerrit Zalm dus ôf fan 'e keningen fan Skotlân, en sels, fia in reachfine froulike line, fan 'e legindaryske held [[Robert the Bruce]] ([[1274]]-[[1329]]).