Ferskil tusken ferzjes fan "Necessity"

18 bytes grutter ,  1 jier lyn
Pallas Atene liket ferlern te wêzen, of alteast net by steat om op eigen krêft út 'e Oergaos weromkeare te kinnen, mar hja hat maatregels nommen foar it gefal dat soks barre soe. Jathery, dy't oant kop en earen yn har plannen behelle wie, is efterbleaun om [[alaarm]] te slaan, en boppedat hat se tegearre mei Jathery in Saeli-[[healgod]] makke dy't har ta 'anker' yn 'e tiid tsjinje moat. Dy healgod is de jongeling Hilfa, dy't him fierhinne ûnbewust is fan syn rol. Hy libbet op Plato, dêr't er mei de [[fisker]] Jason en Apollo syn [[pakesizzer|styfpakesizzer]] Marsilia (in [[dochter]] fan Neleus, de [[soan]] fan Pytheas syn [[oarehelte|frou]] Simmea) in [[fisker]]sboat bemannet. (Marsilia docht dat wurk derby njonken har eigentlike funksje as ien fan 'e beide planetêre [[konsul]]s fan Plato.)
{{Plotbedjer}}
Om Pallas Atene te rêden moat Apollo witte wat hja krekt dien hat om yn 'e Oergaos troch te kringen. Dy gefaarlike kennis hat syn suster lykwols yn fjouwer dielen troch de tiid fersille en yn bewarring jûn by beskate persoanen, te witten: ien diel by Kebes, yn 'e tiid nei it Lêste Debat, mar foarôfgeande oan 'e ûntdekkingsreis fan Apollo-en-dy; it twadde by [[Fila (dochter fan Antipater)|Fila]], de dochter fan [[Antipater]], ien fan 'e [[leger (lânmacht)|leger]]oersten fan [[Aleksander de Grutte]], yn 'e [[Klassike Aldheid]]; it trêde by de ûnderwilens heal [[fergodliking|fergodlike]] [[Giovanni Pico della Mirandola]] (dy't ien fan 'e oarspronklike 'masters' fan 'e Rjochtfeardige Stêd wie, sjoch: ''[[The Just City]]''), yn it [[Bologna]] fan [[1506]]; en it lêste diel by Florent-Claude, [[markys]] fan Châtelet, de [[widner]] fan 'e [[filosofe]] [[Émilie du Châtelet]], yn it [[Frankryk]] fan [[1750]].
 
Jathery wit mei help fan Marsilia de earste beide dielen werom te krijen fan Kebes en Fila. Om de meiwurking fan Kebes te krijen, biedt Jathery him oan om in [[jier]] op [[Mars (planeet)|Mars]] yn 'e takomst troch te bringen, sadat er [[glês]]meitsjen en de begjinsels fan [[elektrisiteit]] leare kin. Kebes keart dêrwei nei syn eigen tiid werom (in pear minuten nei't er ôfset is) mei in [[panfluit]] dêr't er de [[meldij]] fan ''Summertime'', fan [[George Gershwin]], op leard hat te spyljen. Letter sil er besykje om Pytheas-Apollo dêrmei by in [[muzyk]]wedstryd te ferslaan (sjoch: ''[[The Philosopher Kings (roman)|The Philosopher Kings]]''). Underwilens hellet Apollo sels it diel fan 'e útlis fan Pallas Atene op dat yn bewarring wie by Pico della Mirandola. Dyselde komt mei werom, en op syn oanwizings fynt Apollo ek it plak en de tiid, yn it [[geology]]ske tiidrek fan it [[Sjuera (tiidrek)|Sjuera]], dêr't Pallas Atene de filosoof [[Sokrates]] nei it Lêste Debat yn 'e foarm fan in [[brims]] efterlitten hat. Mei Pico della Mirandola en de [[stalferwikseling|weromferoare]] Sokrates reizget Apollo neitiid troch nei de [[Ferljochting]] foar it lêste part fan Pallas Atene har útlis, wêrnei't se trijeresom weromkeare nei de Oarspronklike Stêd op Plato, dêr't de lju bûten harsels binne om 'e fergodlike Pico en de deawaande Sokrates werom te sjen.
14.188

bewurkings