Kapitulaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
rezjimint
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Rigel 1:
[[File:Stuyvesantcap.jpg|right|thumb|250px|''De Kapitulaasje fan Pieter Stuyvesant'', troch [[Charles Helmstreet]]: [[Pieter Stuyvesant|Stuyvesant]] joech yn [[1664]] de [[koloanje]] [[Nij-Nederlân]] oer oan 'e [[Ingelân|Ingelsen]].]]
In '''kapitulaasje''' of '''oerjefte''' is yn it [[oarlochsrjocht]] in offisjele ferklearring dat ien fan 'e stridende partijen de [[oarloch|striid]] staakt en himsels en syn gebiet ûnder it tafersjoch fan (ien fan 'e) oare partij(en) pleatst. In kapitulaasje kin yn grutte fariëarje fan in [[leger (lânmacht)|leger]]ôfdieling, oant in [[stêd]] of grutter gebiet, oant in hiel [[lân]] of sels in groep fan lannen. In bekende wize om yn 'e striid oan te jaan dat men ree is op te kapitulearjen, is om in [[wite flagge]] te hysjen. Neffens de [[Haachske Konvinsje]] fan [[1899]] moatte kapitulaasjes foldwaan oan 'e regels fan [[militêr]]e [[ear]]e. As sa'n oerienkomst ienris sletten is, moatte alle partijen har deroan hâlde. Faak moat in yn it fjild sletten kapitulaasje trouwens letter noch troch it [[regear]] fan 'e oerjaande steat [[ratifisearre]] wurde.
 
Der binne twa soarten fan kapitulaasjes. As der neat by fermeld wurdt oer betingsten, giet it ornaris om in kapitulaasje mei betingsten, wêrby't de oerwinnende partij saken as de [[godstsjinstfrijheid]] en de feilichheid fan [[priveebesit]] fan 'e oerjaande partij garandearret, wylst de oerjaande partij plechtich ûnthjit om yn in ôfsprutsen perioade net wer de wapens op te nimmen. By in '''kapitulaasje sûnder betingsten''' biedt de oerwinnende partij lykwols gjin inkele garânsje, en leveret de oerjaande partij himsels folslein oer oan 'e oerwinners.