Parasjute: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
==Skiednis==
Al yn [[1483]] makke de [[sjeny (persoan)|geniale]] [[Itaalje|Italjaanske]] [[útfiner]] [[Leonardo da Vinci]] in earste ûntwerp foar in parasjute, dy't er de foarm jaan woe fan in [[piramide]] mei in iepen ûnderkant. De earste parasjutesprong fûn op [[22 oktober]] [[1797]] plak en waard ûndernommen troch de [[Frankryk|Frânsman]] [[André-Jacques Garnerin]]. Dy syn parasjute bestie út in [[koer]] ûnder in doek fan [[side (stof)|side]], fuortsterke mei [[peal]]len om it doek iepen te hâlden. Garnerin liet him troch in [[hjitteloftballon]] oant op ferskate hûnderten [[meter]]s hichte bringe, wêrnei't er de [[tou]]wen trochfike dêr't syn koer mei oan 'e ballon fêstsiet. De Frânsman lâne feilich en krige fan it omsteand laach in [[ovaasje]].
[[File:US_Army_paratroopers_Fort_Bragg.jpg|left|thumb|200px|[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[paratroepen]] meitsje in sprong boppe de [[leger (lânmacht)|leger]]basis [[Fort Bragg]].]]
 
Yn [[1897]] makke de [[Feriene Steaten|Amerikaan]] [[Tom Baldwin]] de earste sprong mei in parasjute dy't gjin ferlet hie fan houten fersterkings om him iepen te hâlden. De moderne parasjute waard yn 'e perioade flak foar en ûnder de [[Earste Wrâldoarloch]] ûntwikkele, doe't it it iennichste rêdmiddel wie foar [[piloat]]en fan [[fleantugen]] dy't delsketten waarden of om oare redens ûnklear rekke wiene. Koart neitiid waard it [[parasjutespringen]] foar it earst as [[sport]] beoefene. Yn [[1919]] makke de Amerikaan [[Leslie Irvin]] as earste om dy reden in parasjutesprong. Lykwols briek dizze sport pas nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] troch as [[leafhawwerij]] foar in breder publyk as in pear eksintrikelingen.