Black Hills: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +ynfoboks
L st
Rigel 20:
Yn 'e Black Hills binne in protte [[nasjonaal park|nasjonale parken]] en [[monumint]]en te finen, wêrûnder [[Mount Rushmore]], it [[Nasjonaal Park Wind Cave]], it [[Nasjonaal Monumint Jewel Cave]], it [[Nasjonaal Wâld de Black Hills]], it [[Steatspark Custer]] (it grutste steatspark fan Súd-Dakota, en ien fan de grutsten yn 'e hiele Ferniene Steaten), it [[Steatspark Bear Butte]] en it [[Nasjonaal Monumint Devils Tower]]. Teffens leit yn 'e Black Hills [[Harney Peak]], it heechste punt fan Noard-Amearika eastlik fan 'e [[Rocky Mountains]]. Gjin spesjale beskerme status hat it [[Tinkteken foar Mâl Hynder]], dêr't nei in heale iuw noch altyd oan wurke wurdt.
 
Foar de [[kolonisaasje]] fan 'e Black Hills troch de [[jeropide ras|blanken]] waard it gebiet bewenne troch de [[Lakota (folk)|Lakota]]-[[Yndianen]]. Nei de [[Oarloch fan Reade Wolk]] waard it berchtme yn [[1868]] troch de Feriene Steaten by it twadde [[Ferdrach fan Fort Laramie (1868)|Ferdrach fan Fort Laramie]] formeel oan 'e Lakota ôfstien. Neitiid makke it ûnderdiel út fan it [[Grutte Sû Reservaat]], dêr't gjin blanken kommen mochten, útsein oerheidsfunksjonarissen. Nettsjinsteande dat stjoerde it Amerikaanske regear yn [[1874]] it [[Amerikaanske 7e KavaleryregimintKavaleryrezjimint]] ûnder lieding fan [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]] op 'en paad om te ûndersykjen oft de geroften oer de fynsten fan [[goud]] yn 'e Black Hills wier wiene. Under Custer syn [[Ekspedysje nei de Black Hills]] waard yndie goud oantroffen, wat late ta in stoarmrin fan [[goudsiker]]s nei it berchtme by wat de [[Goudkoarts fan de Black Hills]] kaam te hjitten.
[[File:Black Elk Peak hike 03.jpg|left|thumb|250px|It heechste punt fan 'e Black Hills, de [[berch]] [[Black Elk Peak]], mei in hichte fan 2.207 m.]]