Stomp Mês: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L st
 
Rigel 22:
 
==Libben==
Stomp Mês waard nei gedachten om [[1810]] hinne berne. Yn [[1868]] loek er foar it earst de oandacht fan 'e Amerikanen, doe't er de Noardlike Sjajinnen fertsjintwurdige by it sluten fan it twadde [[Ferdrach fan Fort Laramie (1868)|Ferdrach fan Fort Laramie]]. Yn 'e [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] wied er in stânheft bûnsmaat fan [[Lakota (folk)|Lakota]]-opperhaden as [[Sittende Bolle]] en [[Mâl Hynder]], mar nei de [[Slach oan de Little Bighorn]], op [[25 juny]] [[1876]], wêrby't de Sû, Sjajinnen en [[Arapaho (folk)|Arapaho]] it [[Amerikaanske 7e KavaleryregimintKavaleryrezjimint]] fan [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]] in ferpletterjende nederlaach tabrochten, waarden de Sjajinnen troch de Amerikanen slim yn 'e benearing brocht. Ein novimber 1876 ferneatigen de Amerikanen 153 [[tipy]]s fan 'e Noardlike Sjajinnen en makken se 500 fan harren hynders bút yn it foar de Yndianen rampsillich ferrûne [[Gefjocht fan Stomp Mês]]. Sadwaande wie Stomp Mês, dy't trouwens sels net oanwêzich west hie by de [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]], twongen om him begjin [[1877]], yn 'e mande mei de measte oare leden fan syn folk, oer te jaan.
[[File:Dull Knife.jpg|left|thumb|190px|Stomp Mês.]]