Holle Hoarn-Bear: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Tekst by foto oars
L st
Rigel 24:
Holle Hoarn-Bear waard omtrint [[1850]] berne yn wat no [[Sheridan County (Nebraska)|Sheridan County]] is, yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Nebraska]]. Hy hearde ta de [[Brulee]]-substamme fan 'e [[Lakota (folk)|Lakota]], en wie de soan fan it [[opperhaad]] Izerne Skaal. Yn syn jonkheid die Holle Hoarn-Bear mei oan oerfallen op 'e [[Pâny (folk)|Pâny]] (''Pawnee''), dat tradysjonele fijannen fan 'e Lakota wiene. Letter wied er behelle yn oanfallen op 'e [[fort]]en dy't it [[Amerikaanske Leger]] op it lân fan 'e Lakota boud hie om 'e [[jeropide ras|blanke]] kolonisten te beskermjen dy't oer it [[Bozeman Trail]] reizgen.
[[File:American_Indian_stamp_14c_1922_issue.jpg|left|thumb|100px|Holle Hoarn-Bear op in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[postsegel]] út [[1922]].]]
Under de [[Oarloch fan Reade Wolk]] ([[1866]]-[[1868]]) ûntjoech Holle Hoarn-Bear him ta ien fan 'e lieders fan 'e Lakota yn harren striid om it gebiet fan 'e [[Powder (rivier yn Montana)|Powderrivier]], dêr't it Bozeman Trail dwers trochhinne rûn. Dêrby naam er û.m. diel oan it saneamde [[Fetterman-bloedbad]], wêrby't in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[kavalery]]-ôfdieling ûnder [[kaptein (rang)|kaptein]] [[William J. Fetterman]] alhiel ferdylge waard. Letter focht Holle Hoarn-Bear ûnder de [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] yn 'e ferneamde [[Slach oan de Little Bighorn]], wêrby't in koälysje fan Lakota, [[Noardlike Sjajinnen]] en [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]] it [[Amerikaanske 7e KavaleryregimintKavaleryrezjimint]] fan [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]] in ferpletterjende nederlaach tabrocht.
 
Yn 'e twadde helte fan 'e [[1870]]-er jierren begûn Holle Hoarn-Bear yn te sjen dat it ferset tsjin 'e Amerikanen sinleas wie. Neitiid waard er by ferskate gelegenheden útnûge om by seremoanjes yn it Easten fan 'e Feriene Steaten de Yndianen te fertsjintwurdigjen, wat him in beskate bekendheid joech. Hy waard oansteld as it haad fan 'e Yndiaanske [[plysje]] yn it [[Rosebud Yndianereservaat]] fan [[Súd-Dakota]], dêr't er yn [[augustus]] [[1881]] de [[Brulee]]-[[haadman]] [[Kriehûn]] arrestearre foar de [[moard]] op it opperhaad [[Bûnte Sturt]]. Dêrnjonken wie Holle Hoarn-Bear ek ferskate kearen belutsen by ûnderhannelings tusken de Lakota en de Amerikaanske autoriteiten.