Hierling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
L st
 
Rigel 3:
Fan 'e [[trettjinde iuw|trettjinde]] oant de [[santjinde iuw]] spilen hierlingelegers in dominante rol yn 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] [[oarloch]]fiering. Ek dêrnei bleau it noch in wichtich ferskynsel oant yn 'e [[Napoleontyske Oarloggen]] de [[tsjinstplicht]] foar it earst ynfierd waard. It neidiel fan hierlingelegers wie dat se in pleach foar it lân foarmje koene as harren wurkjouwer yn jildneed kaam of ferslein waard. Dan teagen de hierlingen faak al [[dieverij|plonderjend]], [[ferkrêfting|ferkrêftsjend]] en [[moard]]zjend yn groepkes troch it lân, wêrby't nimmen ûntsjoen waard. Fral [[berch]]eftige kriten mei in lyts [[areaal]] fan grûn dat gaadlik wie foar it bedriuwen fan [[lânbou]], en dy't sadwaande gau oerbefolke rekken, leveren yn 'e heechtijdagen fan 'e hierlegers in protte hierlingen. Dêrby stiene benammen [[Switserlân]] en [[Skotlân]] dêrom bekend.
 
Pas yn 'e rin fan 'e [[achttjinde iuw]] ûntjoech him foar it earst it konsept fan it nasjonale leger, dat yn 'e [[njoggentjinde iuw]] syn hjoeddeistige foarm oannaam trochdat de measte steaten doe in foarm fan tsjinstplicht ynfierden. Dochs ferdwûnen hierlingen net folslein; benammen yn [[koloanje|koloniale]] legers koene se altyd noch wol in plakje fine. Sa bestie bgl. it [[KNYL]], it [[Nederlân]]ske koloniale leger fan [[Nederlânsk-Ynje]], foar in part út [[ofsier]]en en [[ûnderofsier]]en dy't hierlingen wiene (fral út [[Dútslân]]). Tsjintwurdich bestiet noch it [[Frânske Frjemdlingelegioen]], dat ek begûn as koloniaal leger en dat yn prinsipe noch altyd in hierlingeleger is. Fierders omfettet it [[Grut-Brittanje|Britske]] leger ek noch altyd de [[Goerka (folk)|Goerka]]-regimintenrezjiminten, mei hierlingen út [[Nepal]].
 
Njonken sokke hierlingeformaasjes yn nasjonale legers foarmen har yn 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste iuw]] ek lytse hierlingegroepen dy't as striidmacht yn opdracht fan partikulieren operearren en soms by [[steatsgreep|steatsgrepen]] belutsen wiene. Bekende hierlingen dy't har dêrmei dwaande holden, wiene [[Mike Hoare]] en [[Bob Denard]]. Nei [[2000]] binne guon hierlingegroepen, dy't harsels 'partikuliere ûnderoannimmers' (''private contractors'') neame, troch it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] regear ynset yn konflikten as de [[Irakoarloch]] en de [[oarloch]] yn [[Afganistan]]. Sokke hierlingegroepen lizze by de geregelde troepen ornaris op in minne namme. Sa makken leden fan 'e groep [[Blackwater USA]] har yn [[Irak]] skuldich oan in grut tal [[oarlochsmisdie]]den. It [[ynternasjonaal rjocht]] sa't dat yn 'e [[Ferdraggen fan De Haach]] en de [[Konvinsje fan Sjenêve]] fêstlein is, biedt gjin beskerming oan hierlingen.