Benjamin Harrison: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 4:
'''Benjamin Harrison''' ([[North Bend (Ohio)|North Bend]] ([[Ohio]]), [[20 augustus]] [[1833]] – [[Indianapolis]] ([[Indiana]]), [[13 maart]] [[1901]]) wie de 23e [[List fan Amerikaanske presidinten|presidint fan de Feriene Steaten]] ([[1889]]-[[1893]]). Hy wie in pakesizzer fan presidint [[William Henry Harrison]].
 
Harrison studearre rjochten yn [[Cincinnati]] en waard abbekaat yn [[Indianapolis]] yn 1854. Yn [[1856]] trede er ta ta de krekt oprjochte [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske Partij]]. Yn de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] tsjinne Harrison fan [[1862]] oant [[1865]] yn it 70ste Indiana RegimintRezjimint en brocht it fan [[luitenant]] ta [[brigadegeneraal]]. Hy hearde ta de troepen ûnder generaal [[William T. Sherman]], dy't yn [[septimber]] [[1864]] de stêd [[Atlanta]] ynnommen. Nei de kriich pakte Harrison syn abbekatepraktyk wer op. Fan [[1881]] oant [[1887]] fertsjintwurdige er syn steat yn de [[Amerikaanske Senaat]].
 
By de presidintsferkiezingen fan 1888 waard Harrison keazen as presidint. Hoewol't er ner safolle stimmen helle as syn tsjinstanner, de sittende presidint [[Grover Cleveland]], wist er mear kiesmannen oan him te binen (233 tsjin 168). Harrison waard ynhuldige 4 maart 1889 en is noch altyd de iennige presidint dy't Indiana as thússteat hie. Syn presidintskip hat fral wichtich west fanwege de ekonomyske wetjouwing dy't doe ynfierd is. Yn syn amtstermyn berûn de jierbegrutting fan de nasjonale oerheid foar it earst ien miljart dollar. Teffens waarden yn dy tiid seis nije westlike steaten talitten by de Uny: [[Noard Dakota]], [[Súd Dakota]], [[Montana]], [[Washington (steat)|Washington]], [[Idaho]] en [[Wyoming]]. Harrison waard by de presidintsferkiezings yn [[1892]] om bar ferslein troch syn foargonger Cleveland. Hy bleau presidint oant 4 maart 1893.