Confederation (romansearje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 36:
 
==Ynhâld==
De ''Confederation''-searje spilet yn in [[takomst]] wêryn't de [[minskheid]] him oansletten hat by de Konfederaasje, in ûnbidich grut steatsferbân mei alderhanne [[bûtenierdske wêzens|bûtenierdske rassen]]. De stifters fan 'e Konfederaasje binne de saneamde Aldere Rassen, dy't in nivo fan [[kultuer|beskaving]] berikt hawwe dêr't [[geweld]], om lykfol hokker reden, as ûntalitber beskôge wurdt. Sterker noch, hja grize fan geweld en kinne harsels der net iens mear ta bringe om geweld te begean. Nei de oprjochting waarden by de tiid lâns stadichoan oare rassen ta de Konfederaasje talitten sadree't dy itselde nivo fan beskaving berikt hiene. Dy letter talitten rassen binne de saneamde Middelrassen. Doe't de Konfederaasje lykwols fiifhûndert jier lyn oanfallen waard troch in oar grut steatsferbân, de Primasy, sieten de Aldere Rassen en de Middelrassen mei de hannen yn 't hier om't de [[pasifisme|pasifistyske]] Konfederaasje net oer in [[leger (lânmacht)|leger]] of in [[float]] beskikte. Harren oplossing wie om 'e minder beskaafde Minsken, Taykan en Krai (de saneamde Jongere Rassen) yn 'e Konfederaasje op te nimmen, dy't gjin swierrichheden hiene om har oan te passen fan [[planeet|planetêre]] ta [[ynterstellêr]]e [[oarloch]]fiering.
 
Yn 'e ''Valor''-searje wurdt ferteld hoe't Torin Kerr, in [[froulik]]e, minsklike [[ûnderofsier]] fan it [[marinierskorps]] fan 'e Konfederaasje, by potinsjeel deadlike misjes troch de hiele [[Molkewei]] kear op kear besykje moat om sawol de koal as de geit te sparjen, oftewol om sawol har superieuren tefreden te stellen as har [[manskip]]pen yn libben te hâlden. Dêrby wit hja op in beskaat momint nei [[generaasje]]s fan striid mei de Primasy frijwol eigenhandich in ein oan 'e oarloch te meitsjen. Neitiid giet Torin út it korps en wurdt har nei ferrin fan tiid frege om har mei by de saneamde 'warders' te jaan, de [[plysje]] fan 'e Konfederaasje, dy't de frede yn it grutte steatsferbûn bewekje moatte. Dat jout oan oanlieding ta in hiele rige nije aventoeren, dy't fêstlein binne yn 'e ''Peacekeeper''-searje.