Greefskippen fan Ingelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L st
Rigel 10:
 
== Bestjoerlike greefskippen ==
Keazen ''county councils'' (greefskipsrieden) waarden yn Ingelân ynsteld yn [[1888]]. Sy namen in protte bestjoerlike taken fan de ''Quarter Sessions''-rjochtbanken oer, en krigen yn de rin fan de tiid mear foech. Nije gebieten waarden hjirfoar fêstlein; sy waarden ''administrative counties'' (bestjoerlike greefskippen) neamd. Dêr hearde ûnder oaren it [[Greefskip Londen]] ta, dat parten fan it histoaryske [[Kent]], [[Middlesex]] en [[Surrey]] ûmfette. In protte histoaryske greefskippen – dy't lykwols net formeel ophefdopheft waarden – waarden opdield yn twa ([[Suffolk]], [[Sussex]], [[Northamptonshire]], [[Hampshire]] en [[Cambridgeshire]]) of trije ([[Yorkshire]], [[Lincolnshire]]) bestjoerlike greefskippen. De ûnôfhinklike ''[[county borough]]s'' foelen net ûnder in bestjoerlik greefskip.
 
Yn [[1965]] feroare de ''County of Londen'' yn it "bestjoersgebiet" [[Grut Londen]] en slokte dêrby it grutste part fan wat oerbleaun wie fan Middlesex op. Oare countys fusearren doe ek.
Rigel 19:
Yn [[1990]] waard it lokale bestjoer wer herfoarme. Sûnt binne der in soad lytse ''[[unitary authority|unitary authorities]]'' (unitêre autoriteiten); feitlik distrikten mei greefskipsstatus.
 
Anno 2005 binne der 81 bestjoerlike greefskippen. Dêrfan binne der 34 ''shire counties'' mei elts in ''county council'' en ferskate ''district councils'' (gemeenterieden), 40 unitêre autoriteiten en seis ''metropolitan counties.'' Oer bliuwt [[Berkshire]], dêr't de county council ophefdopheft is en de distrikten unitêre autoriteiten wurden binne, mar sûnder greefskipsstatus. Ta einbeslút is der noch [[Grut-Londen|Greater London]].
 
== Seremoniële greefskippen ==