Kneppelfreed: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎De opskuor: db: Merk
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 12:
 
=== De Saak-Van der Burg ===
Op [[17 oktober]] [[1951]] kaam der nammentlik inselde soarte saak foar by deselde [[It Hearrenfean (plak)|Feanster]] rjochter. Diskear gie it om 'e [[De Lemmer|Lemster]] [[bistedokter]] [[Sjirk Frânses van der Burg]], dy't yn syn studintetiid in liedende posysje yn 'e [[Federaasje fan Fryske Studinteferienings]] ferfolle hie. De man wie oanholden doe't er oer in dyk ried dy't ôfsletten wie troch it wetterskip. Net dat er him ûnbewust wie fan dy ôfsluting, mar hy hie in gefal haastgefal, dat sadwaande. Uteinlik krige er in boete fan sân gûne, mar dêrmei wie de saak noch net dien. Want Van der Burg hie wegere om [[Nederlânsk]] te praten en Wolthers hie wegere om him te ferstean as er [[Frysk]] spriek.
 
Wolthers, dy 't al jierren yn Fryslân wenne en it Frysk skoan ferstean koe, oppenearre de miening dat in man fan 'e ûntwikkeling fan 'e beklage wol [[Nederlânsk]] prate moatte kinne soe. Van der Burg woe dêr neat fan witte, en fierde oan dat immen dy't yn Fryslân terjochte stie, syn eigen taal brûke meie moatte soe. Dêrop gie de rjochter derta oer en sko de sitting op, sadat er him derop beriede koe oft der in [[tolk]] oproppen wurde moast. De beklage waard oplein te wachtsjen oant dat berie plakfûn hie en dêrnei wer op 'e rjochtsitting te ferskinen.