Waling Dykstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
Op syn bêst wie hy by populêre ferskes en fertellingen. Foar gruttere ferhalen wie syn komposysjekrêft en empaty net sterk genôch. Syn wurk giet net djip, mar it hat wol typearjend fermogen, it waard dan ek drok lêzen. Dêrtroch is syn nasjonale betsjutting grutter as syn letterkundige. Hoe populêr Dykstra wie blykte wol út de namme sa't er neamd waard. Meastal hiet hy Waling-om (=omke). Neist wat hy skreau, hat Dykstra it Fryske folksbewustwêzen ek fersterke mei syn 'Winterjûnenochten', foardrachtsjûnen, yn 'e mande mei [[Tsjibbe Gearts van der Meulen]], [[Gerben Colmjon]], [[Auke Boonemmer]], of ek wol allinnich (sûnt 1860). Mei de Fryske Winterjûnenocht bereizge er 25 jier lang de doarpen yn Fryslân, om sa it Frysk toaniel ûnder de minsken te bringen.
 
Waling Dijkstra komt út in ortodoks-protestantsk fermiddden. Hysels hie in mear [[Liberalisme|liberale]] ynstelling. Syn wurk hat faak moralistyske trekjes. Bûten in ûntelber oantal ferskes publisearre hy ek noch in wichtich folkloristysk wurk - ''Uit Frieslands volksleven'' (2 dielen, [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], 1896). Fierders fersoarge hy in populêr witenskiplike útjefte fan de Friesche Rymlerije fan [[Gysbert Japicx]] (Frjentsjer 1853) en kaam it benammen troch syn iver en trochsettingsfermogen dat it Friesch Woordenboek (Ljouwert 1911) der komd is.
 
Krekt foar it útbrekken fan de [[Earste Wrâldkriich]] yn [[1914]] stoar Dykstra te Holwerd yn de âldens fan 92 jier.