Jan J. Bijlsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
== Libben en wurk ==
Bijlsma hat yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] it Stedsgymnasium ôfrûn en dêrnei oan de Rykskweekskoalle de ûnderwizersoplieding folge.
Hy wie ûnderwizer yn Sleat, [[Balk]] en [[Grou (plak)|Grou]]. Sûnt [[1958]] wie er learaar [[Nederlânsk]] oan de RSG op It Hearrenfean en redakteur fan ‘[[De Strikel]]’. Kaam mei it idee om it ‘[[Skriuwersalmanak]]’ om te bouwen ta in kalinder en de ynstjoerders in tema foar te lizzen.
 
As dichter is er in skerp waarnimmer fan oarmans eigenaardichheden, mar hy sparret himsels de krityk ek net. Letter wurdt er wat mylder. Relativearringsfermogen, gefoel foar humor en irony binne de wapens dêr’t [[Jan Bijlsma|Jan J. Bijlsma]] syn emosjonaliteit en meilydsumens mei de baas bliuwt. Njonken persoanlike fersen is Jan J. Bijlsma ek de dichter fan guon kabaretfersen, dy’t troch [[Rients Gratama]] bekend wurden binne. (bg. ‘Dit Lân’)