Sa Bist: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Rigel 31:
De ''Esopet'' giet werom op 'e [[Klassike Aldheid]], doe't de [[Grikelân|Grykske]] [[skriuwer]] [[Aesopus|Aesopus, Aisopos of Esopus]] in bondel mei fabels skreau, dy't neitiid yn it [[Latyn]] bewurke en útwreide waard troch earst [[Faedrus]] (om it jier [[50]] hinne) en letter [[Avianus]] (om [[450]] hinne). Dy Latynske bewurkings foarmen de boarne foar de saneamde ''Romulus'', út 'e [[10e iuw]]. Dêrút waarden noch wer letter, om [[1275]] hinne, 67 fabels oerset en berime yn it [[Midflaamsk]] ta in folle behindiger samling dy't sadwaande de namme fan de "Lytse Esopus" krige. In fierders net identifisearre boarne wol hawwe dat dizze oersetting en beriming troch twa [[Flaanderen|Flaamske]] [[dichter]]s dien is, mooglik de troch [[Jakob fan Maerlant]] yn syn [[Spiegel Historiael (kronyk)|Spieghel Historiael]] neamde [[Calfstaf]] en [[Noydekyn]].
 
It iennichste oerlevere hânskrift fan 'e ''Esopet'' hat de [[Ryksuniversiteit Leien|Universiteitsbibleteek]] [[Leien]] op 'e noed (hs. Letterk. 191-3). Yn [[1965]] ferskynde dêrfan in faksimilee-útjefte ûnder de titel: ''Esopet, Facsimile-uitgave naar het Enig Bewaard Gebleven Handschrift'', ynlaat en taljochte troch [[Garmt Stuiveling]]. De ''Esopet'' waard yn [[1985]], ûnder de titel ''Sa Bist'', oerset nei it [[Frysk]] (allyksa yn berime foarm) troch [[oersetter]] [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]], en kaam mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]] út by [[útjouwerij]] ''Bosch & Keuning'' te [[Baarn]] yn gearwurking mei ''[[De Tille|De Tille B.V.]]'' te [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
==Keppeling om utens==