Ferskil tusken ferzjes fan "De Lof fan de Healwizens"

ts
(ts)
 
 
==Ynhâld==
''De Lof fan de Healwizens'' begjint op lichtsinnige wize, mar nimt al gaueftich in dûnkerder toan oan. De Healwizens, dy't Erasmus opfiert as in goadinne út 'e klassike [[Aldheid]], priizget selsferrifelderij en sljochtsinnigens en giet dan fierder mei in satirysk ûndersyk fan 'e fromme mar byleauwige misstannen fan 'e roomske leare en de korrupte praktiken yn beskate parten fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke (dêr't Erasmus trouwens syn hiele libben lang trou oan bleau). Erasmus wie koartlyn teloarsteld út [[Rome (stêd)|Rome]] weromkeard, dêr't er in oanbod foar in hege posysje yn 'e [[Kuery]] ôfwiisd hie; de Healwizens nimt geandewei it boek dan ek almar mear de skriuwer syn eigen tuchtigjend stimlûd oan, en einiget mei in sljochtwei opsomming fan kristlike ideälen.
 
==Fryske oersetting==
De Fryske oersetting fan ''Moriae Encomium'' ferskynde yn 2002 ûnder de titel ''De Lof fan de Healwizens'' by [[Elektroanyske Letteren Fryslân]] te [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]]. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan [[Piter Wibertus Brouwer]] te [[Rotterdam]], en de ynformative ynlieding waard skreaun troch [[Eric Hoekstra]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
14.188

bewurkings