Styfmem Ierde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 39:
[[Ofbyld:Theun de Vries krijgt de Henriette Roland Holst Prijs 1984 voor zijn boek Kette, Bestanddeelnr 933-2073.jpg|left|thumb|180px|Theun de Vries.]]
 
As Jarich út it tichthús komt, bliuwt er yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] omhingjen. Oanfitere troch sabeare freonen dy't op him om ponglúzje, bringt er syn oandiel yn 'e opbringst fan Wiarda-state der fierhinne troch. Ear't er alhiel ta reapsein is, pykt er lykwols út. Hy giet yn 'e hynstesport en fertsjinnet in slompe jild. Dan keapet er op in dei in stellen hynder en rint alles wer mis. Ferearmoede siket er beskûl yn in loazjemint foar swalkers, dêr't er de sosjalist Karel Zwets moetet, in oanhinger fan [[Ferdinand Domela Nieuwenhuis]]. Mei syn beiden ferhiere se harren as arbeiders oan feanboeren, dy't misbrûk meitsje fan harren sitewaasje troch har fiersten te min lean te jaan. Yn dyselde tiid trout Jarich mei Regina Zwanenburg; hja krije in soan, Ekke. Mar dan trappearret er syn frou mei Karel op bêd. Jarich akseptearret Karel syn ûntskuldigings, mar de freonskip is stikken. Einlings komt it ta in staking ûnder de feanarbeiders en by de ûnderdrukking dêrfan wurdt Karel oppakt. Neitiid ferhuzet Jarich mei syn gesin nei [[Snits]].
 
Underwilens is Herre Tsjallings Wiarda in begoedige man wurden. Hy keapet twa nôtmûnen, lit se beide ôfbrekke en bout der mar ien foar yn 't plak. Op dy manear kriget er it monopoalje yn dy krite yn 'e hannen. Ek lient er noch altiten jild út, mar de rinte dy't er dêrfoar freget, is withoeheech. It komt safier dat er yn dy omkriten op in minne namme komt te lizzen. Op in jûn besiket ien fan 'e troch him útrûpele boeren him dea te stekken. De oanslach mislearret lykwols en út wraak behannelet er syn jildlieners neitiid noch ûnmeilydsumer.