It Gebed fan Sint Brendan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
 
Rigel 30:
 
==Ynhâld==
Neffens de ynliedende "rubryk" (in opmerking yn in [[Midsiuwen|Midsiuwsk]] hanskrift yn reade inket fan 'e kopiïst), soe Sint Brandaan dit gebed opsteld hawwe mei help fan 'e [[aartsingel]] [[Michael (aartsingel)|Michael]]. In elk dy't it hûndert kear opseit of sjongt, soene alle sûnden ferjûn wurde. Al mei al is it in ynmoedige smeekbea oan [[God]] om dejinge dy't it opseit te ferlossen fan 'e sûnde en by te stean yn alle need en dea. Dêrby wurdt de hiele [[Bibel]] suver oereide, mei withoefolle foarbylden dy't oanhelle wurde om oan te toanen hoe't God yn it ferline syn tsjinners bystien hat, fan [[Abel]] en [[Noäch (bibelsk persoan)|Noäch]] ôf by de [[aartsfaars]] en [[Moazes]], de [[rjochters (bibelsk)|rjochters]], keningen fan [[Israel (keninkryk)|Israel]] en [[profeet|profeten]] lâns en sa troch oan 'e [[apostel]]s ta.
 
==Fryske oersetting==
De Fryske oersetting fan 'e ''Oratio Sancti Brendani'' ferskynde yn 2012 ûnder de titel ''It Gebed fan Sint Brendan'' as ûnderdiel fan 'e bondel ''Sint Brandaan yn Fjouwerfâld'' (yn 'e mande mei ''[[It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan]]'', ''[[De Seereis fan de Hillige Abt Brendan]]'' en ''[[De Reis fan Sint Brandaan]]'') by [[Utjouwerij Elikser]] te [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan [[Eibert van der Veen]], dy't dêr de ferzje foar brûkte dy't yn [[1872]] troch pastoar Patrick F. Moran gearstald waard út ûnderskate út 'e [[Midsiuwen]] oerlevere hanskriften.
 
{{boarnen|boarnefernijing=