Toerswel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st; oanf
Tulp8 (oerlis | bydragen)
st
Rigel 8:
[[File:Gierzwaluw Apus apus Jos Zwarts 2.tif|thumb|left|245px|Toerswellen in flecht]]
 
De '''Toerswel''' (''Apus apus''; yn 't [[Frysk]] ek: '''Gierswel, Gûlswel, Piipswel, Piperswel, Tongerswel''') is in [[fûgel]] út de [[famylje (besibskip)|famylje]] fan de [[toerswelfûgels]]. De 16,5 sm grutte fûgel is hast hielendal swart. By syn kiel hat er wat wite fearren mar dat is faak net te sjen. De fûgels briede yn hiel [[Jeropa]] en oerwinterje yn it suden fan [[Afrika]]. Hoewol de toerswel in protte op de [[swellen]] liket stiet er der taksanomysk in hiel ein fanôf.
 
== Yn de loft ==
De toerswellen sjogge jo hast allinnich yn de loft at se rûnfleane, se binne te werkennen oan harren silhûet mei de smelle lange [[wjukken]] en de foarkefoarmige sturt. Toerswellen hawwe hiele lytse poatsjes dy't net brûkber binne om te rinnen. It latynske ''Apus'' betsjut dan ek ''sûnder poattenpoaten''. In toerswel dy't op de grûn bedarret kin út himsels hast net wer op de wjukken komme. De poatsjes fan de toerswel kin er wol brûke om him oan muorren en rotsen fest te hâlden.
 
== Iten ==
Rigel 17:
 
== Fuortplanting ==
De toerswel komt begjin [[maaie]] yn Fryslân. Se sykje dan harren nêst op, meast ûnder de pannen fan it dak fan âldere huzen. De 2-3 [[aaien]] wurde yn 18-20 dagen útbret. De jongen bliuwe dan noch sa'n 6 wiken op it nêst. De âlden soarchjesoargje derfoar dat erder iten komt. At de jongen útfleane kinne se harren selsstannich rêde en de hiele dei yn de loft bliuwe.
 
== Sjoch ek ==
Rigel 24:
== Ferwizing ==
* [http://www.commonswift.org/ Webstee oer de Toerswel] <small>(Ingelsk)</small>.
* [http://gierzwaluwcam.blogspot.com Webcam op Toerswelnest Aalsmeer, Noord HollandNoard-Hollân]
 
[[Kategory:Fûgelsoarte]]