Salvador Dalí: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 14:
 
== Syn opgong ==
Letter moete hy in pear [[kubisme|kubistyske]] skilders en bestudearre it Kubisme. Mar al gau joech hy krekt as it ympresjonisme it kubisme op, om him te stoarten op it [[Surrealisme]]. Yn [[1927]] gie Dali nei [[Parys]]. Hy gie op besite by [[Pablo Picasso]], Picasso en Dali hoegden inoar mar oan te sjen om elkoar te begripen. [[Juan Miro]] in surrealistyske skilder, yntrodusearre Dali by oare surrealisten yn Parys. Yn [[1929]] sleat hy him by harren oan. Yn dizze perioade moete hy syn takomstige frou Gala. Gala wie faak syn model op syn skilderijen en sy wie faak ek it ûnderwerp fan syn skilderijen. Gala kaam nei Cadque en sy wist hoe se Dali yn betwang hâlde moast. Ein [[1929]] trouden se en lieten elkoar noait mear yn de stiik. Se ferhuzen nei Port-Lligat en Dali gie wer oan 't wurk. Hy skildere in protte skilderijen en joech in soad lêzingen. De measte lêzingen einigen mei de problemen en rellen yn Spanje. Yn 1933 wie Dali sels ferwikkele yn de [[Katalaanske opstân]]. Dali’s politike opfettings neist syn obsesje foar Hiter en syn monargistyske sympatyen feroarsaken in brek tusken Dali en oare Surrealisten. De publikaasje fan Dali’s skildere “It riedsel fan Wilhelm Tell” makke de brek noch grutergrutter. It skilderij liet [[Lenin]] sjen sûnder broek, mei in lange útrekte bil. Krekt nei syn brek mei de surrealisten gie Dali nei de [[Feriene Steaten]]. Dêr fûn Dali syn soarte minsken en wie de omjouwing goed om in tentoanstelling te hâlden. Al op de earste dei fan de tentoanstelling yn [[New York City|New York]] ferkocht Dali al syn skilderijen. Hy krige safolle opjeften dat it ûnmooglik wie om se allegear oan te nimmen. Hy rekke dêrtroch oerspand en rekke yn in depresje. Yn [[1948]] gie hy werom nei [[Port-Lligat]]. Stadichoan waard hy rêstiger en koe hy mear fet krije op syn libben. Hy gie op besite by de [[paus]] en sette him yn foar de mienskip. Hy ferdielde syn tiid tusken Port-Lligat, Paris en New York. Hy wurke as hy thús wie en spile de klown yn Parys en New York.
Wylst ferskillende stilen en keunstbewegingen harren sels begûnnen te fermingen of ferdwûnen, hâlde Dali fest oan syn eigen styl. Dochs moast hy elke kear de wrâld wol litte sjen dat er fernijend wie, dit die er troch skokkende skilderijen te meitsjen en skokkende aksjes te betinken. Yn 1973 waard syn eigen museum iepene yn syn bertestêd, Figueras. In soad skilderijen en attributen waarden delsetten en it publyk streamde ta.