Krústocht yn Spikerbroek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 29:
 
==Ynhâld==
Dolf Wega is in jonge fan fyftjin dy't him as frijwilliger oanmeldt foar in eksperimint mei in [[tiidmasine]]. It eksperimint mislearret lykwols, en Dolf strânet yn 'e [[Dútslân|Dútske]] stêd [[Spiers]], yn it jier [[1212]]. Hy slút him oan by de bernekrústocht dy't dêr foarby komt. Dy wurdt laat troch de hoedersjonge Nikolaas, dy't nei't er sels leaut troch God útkard is om in hillich berneleger nei [[Jeruzalim]] ta te lieden. As hja by [[Genua (stêd)|Genua]] oan 'e kust komme sille, sa mient er, sil de [[Middellânske See]] foar him spjalte krekt sa't de [[Skelfsee]] dat die foar [[Mozes (profeet)|Mozes]], en dan sil er de bern oer de seeboaium nei it [[Hillige Lân]] ta liede, dêr't de [[Sarasenen]] foar harren ûnskuld op 'e flecht slaan sille.
 
Dolf leat dêr neat fan, mar hy hat mei de bern te dwaan, en wit Nikolaas en dy syn beide liedsju, de [[mûnts]]en Anselmus en Jehannes, te bepraten om 'e krústocht better te organisearjen. Dêrmei wit er in [[reafûnk]][[epidemy]] safolle mooglik te beheinen, en de bern by [[Rottweil]] fan 'e hongerdea te rêden. Mei syn [[tweintichste iuw|tweintichste-iuwske]] kennis liedt er ek de oertocht oer de [[Alpen]] yn goede banen, en op in stuit makket en brûkt er sels it doedestiden noch net útfûne [[buskrûd]] om in part fan 'e bern te befrijen út 'e finzenskip fan 'e greve fan Scharnitz. Dat komt him op beskuldigings fan [[ketterij]] en [[hekserij]] te stean, mar by in folksgerjocht helpe syn freonen him om dêrfan frijsprutsen te wurden.