Tebaanske Legioen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks hillige | ôfbylding = Martirio de San Mauricio El Greco.jpg | ôfbyldingstekst = ''It Martlerskip fan it Thebaanske Legioen (El Greco)''..."
 
Rigel 61:
== 5e-iuwske oerlevering ==
[[File:Zentralbibliothek Solothurn - DIE THEBAISCHE SCHAAR - aa0204.tif|thumb|left|250px|<center>''It legioen (19e-iuwsk lito)''</center>]]
Neffens Eucherius kaam it legioen út it hjoeddeiske [[Egypte]], dat doe diel útmakke fan it eastlike diel fan it [[Romeinske Ryk]]. Alle 6.600 leden (neffens de anonime ferzje 6.660) hiene it kristlike leauwe oannommen. Oanfierder fan it legioen wie [[Mauritius (hillige)|Mauritius]]], dy't neffens in letter ferhaal ek yn it besit wie fan de [[Hillige Lâns]]. Oare mei namme neamde ofsieren wiene Eksupearius en Kandidus. Neffens de anonime passio rôp keizer [[Maksimianus]] it legioen tsjin it ein fan de 3e iuw op om nei [[Galje]] te tsjen en dêr te striden tsjin de [[Bagauden]].
 
Nei't Maksimianus syn kamp yn Octodurum (tsjintwurdich: Martigny) opsloech easke de keizer om foar in súksesfolle striid earst in offer te bringen oan de romeinske goaden. Mauritius en syn mannen folgen dat befel net op en gyngen nei Agaunum (St. Maurice d'Agaune), dêr't hja harren kamp opsleagen. Nei't hja opdroegen waarden werom te kommen foar it offerjen waard it legioen foar straf oant twa kear ta [[Desimaasje|desimearre]]. Neffens de passio fan Eucherius wie dat om't Mauritius mei syn mannen wegeren tsjin kristenen te fjochtsjen. Ek skreau Eucherius dat de manlju gjin ferset beane en sels it martlerskip sochten. Sa joech Maksimianus lang om let it befel om it hiele legioen te deadzjen. By it plonderjen fan de lichems waard ek in kristen mei de namme Fiktor fermoarde. Hy wie gjin lid fan it legioen, mar hie himsels bekend makke as kristen. Twa soldaten wisten út te piken nei [[Solothurn]] en waarden dêr fermoarde ([[Fiktor fan Solothurn|Sint-Fiktor]] en [[Ursus fan Solothurn|Sint-Ursus]]).
[[File:Sebastiano vini, martirio di san desiderio e dei diecimila martiri, 1570-75 ca. 04.jpg|thumb|260px|<center>''It Martlerskip fan it Thebaanske Legioen, Sebastiano Vini (1570-1575)''</center>]]
 
== Rynlân ==
Neffens de anonime ''passio sanctorum Gereonis'' soene dielen fan it legioen earder al foar de troepen op nei it [[Rynlân]] tein wêze om dêr in opskuor del te slaan. Yn it Rynlân waarden lykwols ek dy ûnderdielen ynrekkene en útmoarde. Yn [[Bonn]] wiene dat [[Kassius en Florentius]] mei tolve gesellen, yn [[Keulen]] wie dat Gereon mei 318 gesellen en yn [[Xanten]] wie dat [[Fiktor fan Xanten|Fiktor]] mei 330 gesellen.